Boargemaster oer húsfeest op De Lemmer: "Begryp net dat minsken dit noch dogge"

"It is hiel dom wat de jonges op De Lemmer dien ha. Wy besykje earst alles op in freonlike wize te beëinigjen, mar as dat net wurket, dan grypt de plysje yn." Dat seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren yn reaksje op de boeten dy't de plysje dêr útdield hat fanwege in feest.
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren
De jonges holden in húsfeest op De Lemmer en wiene mei fyftjin minsken yn 'e hûs. De oanwêzigen holden har net oan de maatregels fan it RIVM en seagen de earnst fan de saak net yn.
"Ik begryp net dat minsken dit noch dogge", seit in fernuvere Veenstra. "Sy sizze: wy wurde net siik. Mar tink om dyn heit en mem, en dyn pake en beppe. Ek yn ús gemeente is der sykte en ek yn ús gemeente binne stjergefallen."

Boete

De plysje hat foar de fyftjin jongeren proses-ferbaal opmakke. Se kinne rekkenje op in boete fan 400 euro ôf.
Dochs is soks in ynsidint, seit de boargemaster. "Fierder giet in hiel soad goed by ús yn de gemeente. Wy hawwe dizze wike ek noch in filmke opnommen foar de ynwenners." Veenstra beslút mei in oprop foar alle ynwenners: "Hâld jim oan de regels, ek foar jim omjouwing."