Skipfeartbemanning kin net nei hûs troch coronafirus

Skipfeartbemanning yn de hiele wrâld kin net ôflost wurde fanwege it coronafirus. As der nije bemanning oan board komme soe, bestiet nammentlik de kâns dat dy it firus meinimt. En dy kâns wolle rederijen net rinne, om't harren skip dan oan de ketting lein wurdt.
Skipfeartbemannings kinne net nei hûs troch Corona firus
Sa kin de man fan Kitty Switijnk fan Harns op it stuit net nei hûs komme. Hy is kapitein op it iennige skip fan Cito Shipping. Dat ferfiert op it stuit grutte papieren rollen nei Nederlân. In part fan de bemanning soe meikoarten ôflost wurde, mar dat giet net troch.
"Vooral voor de internationale bemanningsleden is het vervelend. Zelfs al zouden ze van boord kunnen dan kunnen ze niet thuiskomen, omdat het vliegverkeer stil ligt en grenzen dicht zijn", fertelt se. "Zo wilde een Filipijns bemanningslid graag naar huis, maar hij kreeg te horen dat hij dan daar een maand in quarantaine zou moeten. Dus dan kon hij beter gewoon aan boord blijven, want dan kon hij in elk geval geld blijven verdienen."

"Langere tijd van huis"

Ek goed twahûndert bemanningsleden fan de skippen fan JR Shipping yn Harns kinne net fan board. Neffens teamlieder Harm Brouwer is dat foar de bemanning wol ferfelend, mar binne se it ek wol wend. "Het is zwaar, omdat ze in deze situatie er misschien meer zouden willen zijn voor hun families. Maar op zich is het voor hen niet vreemd om voor langere tijd van huis te zijn."
© Eigen foto CITO
Wol hawwe de beide rederijen ekstra maatregels nommen om de moraal oan board heech te hâlden. Brouwer: "Wij zorgen dat ze meer mogelijkheden hebben om op de hoogte te blijven van de eigen thuissituatie of de situatie in hun land. Daar zijn ze nu natuurlijk nog meer mee bezig dan normaal."
Oan board fan it skip fan Cito hawwe se harren eigen wize betocht om it gesellich te hâlden. Switijnk: "Er is nog een ouderwetse sjoelbak aan boord. Ze liggen nu in een haven en dus hoeft er niemand wacht te lopen en dus hebben ze vanavond tijd om met zijn allen een sjoelcompetitie te houden."
© Omrop Fryslân
De KVNR, de Koninklijke Vereniging van Nederlandse Reders, hat by de polityk oan de belle lutsen om omtinken te freegjen foar it probleem. De organisaasje wiist derop dat de skipfeartsektor krúsjaal is foar it ferfier fan guod oer de hiele wrâld.