Lutz Jacobi hâldt op as PvdA-fraksjefoarsitter yn Ljouwert, Ekhart opfolger

Lutz Jacobi hâldt op as fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de gemeente Ljouwert. Se kin en wol it net langer kombinearje mei har drokke baan. De direkteur fan de Waadferiening bliuwt wol lid fan de fraksje.
Lutz Jacobi © Omrop Fryslân
De nije fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Ljouwert wurdt Andries Ekhart. Hy is âld-wethâlder fan Ljouwert en fan Súdwest Fryslân. De ôfrûne jierren wie hy al vice-foarsitter fan de fraksje.
Lutz Jacobi waard yn novimber 2017 fraksjefoarsitter fan de Ljouwerter PvdA. Flak dêrnei waard se ek direkteur fan de Waadferiening. Dêrfoar wie se Twadde Keamerlid foar de PvdA.