Thys de Jong rint Maraton Rotterdam mis troch coronakrisis

28 mrt 2020 - 17:28

Net allinnich foar bekende sporters hat de coronakrisis gefolgen. Ek foar bygelyks atleet Thys de Jong fan Britsum. Hy soe dizze maitiid foar it earst de Maraton fan Rotterdam rinne, mar dy is skrast. Thys hie in bysûnder doel.

Thys, dy't traint by atletykferiening Lionitas yn Ljouwert ûnder lieding fan feteraan Remon van Lunzen, hie de ôfrûne tiid al in tal heale maratons draafd. De Maraton fan Rotterdam soe syn âlderearste echte maraton wurde.

Hy wie dêr sûnt 1 jannewaris folop mei dwaande, stie der mei op en gie der mei nei bêd, sa seit er. En hy wie yn topfoarm en dat fûn syn coach ek. Boppedat hie hy in bysûnder doel: syn heit ferstoar yn 2004 oan de gefolgen fan kanker en Thys soe de maraton dan ek rinne foar 'Ren tegen Kanker.'

Dat de maraton net trochgiet, begrypt hy fansels. "Der is teloarstelling, mar rasjoneel sjoen is der fansels alle begrip foar it beslút", seit hy.

De maraton is ferpleatst nei oktober. Thys besiket no sa goed en sa kwea as it kin wol wat troch te trainen. Hy fielt him bearesterk en fynt it wol skande dat hy no lang net al syn enerzjy kwyt kin.

Harkje nei Thys de Jong

'Bliidskip fan it draven'

En as je ferwachtsje dat er der folslein ôf is, ha je it mis. "Ik tocht dat ik in soad fertriet ha soe fan it feit dat de Maraton fan Rotterdam net trochgie, mar ik genietsje just noch mear fan it rinnen no."

Doe't Thys hearde dat it evenemint ôfsein waard reagearre hy mei in refleks. "Ik tocht, ik moat fuort. Drave. It hurdrinnen is foar my hiel puer no, ik draaf net fanút in skema, mar fanút de blydskip fan it draven."

Besjoch hjir in langer petear mei Thys de Jong:

(advertinsje)
(advertinsje)