Fêst yn it bûtenlân: Maeike de Jong kin Nepal net útkomme

Yn plak fan yoga op in stil plak yn de Himalaya sit Maeike de Jong fan Ljouwert no geregeld op ynternet, op syk nei in oplossing om wer thús te kommen. Flak foar't in grut part fan de wrâld stillein waard, reizge Maeike ôf nei Nepal. Foar in reis troch de bergen en te learen fan de Boeddhistyske wize fan libje yn it 'no'.
© Eigen foto Maeike de Jong

'Gjin idee dat de Nepal op slot siet'

"It is hjir wat ûnwerklik", sa seit Maeike de Jong. Se rint op strjitte yn de stêd Pokhara. Oeral stiet plysje of is it leger aktyf. Minsken dy't sûnder reden op strjitte binne, wurde fuort wer nei binnen stjoerd. In mûlekapke is ferplichte. "Wy hienen earst net troch wat der krekt spile", seit Maeike.
"Flak foar't Nepal in reisferbod ynstelde, bin ik oankaam. Ik bin fuort dêrnei al begûn oan in trektocht troch de bergen. Op dei sân hearden we dat it lân op slot gie. Mar ja, je ha gjin idee wat dat krekt ynhâldt as je dêr 'in the middle of nowhere sitte'. Juster kamen we werom en doe fernamen we wat dat krekt ynhâlde. De earste konklúzje wie ek al: ein oan frijheid."
It ferfier dat regele wie, mocht net ride. Yn stee dêrfan waarden de toeristen yn in bus fan de oerheid mei gefaar foar eigen libben nei Pokhara brocht. "Yn in gammele bus lâns djippe ôfgrûnen. Ik wie echt benaud by dy reis." De groep waard yn de bus earst nei in sikehûs brocht dêr't se test binne. Dêrnei moast eltsenien yn karantêne.

Puzzelje om thús te kommen

Oankaam yn Pokhara waard al gau dúdlik dat der noch mar ien echte opsje is: Sa gau as mooglik werom nei Nederlân. Mar maklik is dat net. "We sitte hjir op in 10 oeren riden fan de haadstêd Kathmandu. Dêr wol it regear hjir ús sa gau as mooglik hinne ha. Dus mei alle toeristen yn in fleantúch nei de haadstêd. En dan soenen we dêr earst wer in karantêne moatte."
Se wol no it leafst sa gau as mooglik wer werom nei hûs, nei Ljouwert. "It is mar de fraach wannear't der dan in flecht komt nei Nederlân. It is no de hiele dei in bytsje op ynternet sjen nei de opsjes. Ik hoopje dat we gau dúdlikens krije want de geruchten gean hjir dat it lân aansens in moanne langer echt op slot giet en ik moat eins ek wer gewoan oan it wurk."
Maeike de Jong
© Eigen foto Maeike de Jong
Al it geregel jout in soad stress. De ûntspannen 'reismodus' is omset nei de 'regelstân'. "Lekker neigenietsje fan myn prestaasje fan it rinnen fan de trail, in berch beklimme, slagget no net. Mar as ik sjoch wat der bart yn de wrâld, alle problemen dy't der binne, kin ik it goed relativearje. Ik mei yn myn hannen knipe dat ik dy trail dochs yn myn pocket ha."
Ek it twadde reisdoel, te learen fan it Boeddhisme, liket te slagjen: "Ik woe hiel graach leare hoe't ik libje kin yn it 'no'. Dat giet no fansels. Want je ha it neat mear sels yn de hân. Dus lis ik alles wolris fuort en lis ik ûnder in palmbeam yn alle rust in boek te lêzen. Dan hear ik de fûgels en kin ik genietsje fan it lân."
De reis mei dan no einigje yn mineur, Maeike is seker fan de doel werom te kommen. "Ik wol hjir lesjaan op de skoalle en de dosinten helpe better les te jaan. It is ek gewoan in prachtich lân. Ik wol de reis dan ek ôfmeitsje mei alles wat ik fan doel wie."
Maeike de Jong