Voedselbank op It Hearrenfean hat it dreech

28 mrt 2020 - 14:09

De gefolgen fan de coronakrisis binne oeral te fernimmen, ek by de Voedselbank op It Hearrenfean. Sa ûnderfine se dêr bygelyks dat der mear fraach is nei pakketten, mar der is yntusken hieltyd minder iten beskikber. Dêr binne soargen oer.

Gewoanwei is op It Hearrenfean fraach nei sa'n 200 pakketten. Dy binne der in trije soarten: foar 1 oant 2-persoanen, foar 3 oant 4 persoanen en foar 5 of mear persoanen.

Yn it magazyn stiet noch wol guod, mar it wurdt hurd minder. "We krije minder iten fan winkels, dus moatte wy mear keapje of mear krije fan minsken. Jild is dus wolkom, mar ek iten dat minsken bringe kinne", seit Janneke Hiemstra fan Voedselbank op It Hearrenfean.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Der binne net in soad farske produkten mear. We hoopje dat dit wer komt, want we wolle net allinnich mar iten yn blik jaan oan de minsken." Hiemstra is bliid dat minsken iten bringe, mar ek is se bliid mei aksjes fan jongerein om jild yn te sammeljen.

Frijwilligers

In ekstra probleem is de besetting. Guon frijwilligers binne siik en dat wylst der eins mear frijwilligers nedich binne om it guod goed te ferdielen ûnder de besikers fan de Voedselbank.

Janneke Hiemstra fan de Voedselbank op It Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)