In tsjusterder Waad: no ek ynternasjonaal

28 mrt 2020 - 13:30

Denemarken, Dútslân en Nederlân wurkje no mei elkoar oan it behâld fan it tsjuster op it Waad. Echt tsjustere plakken binne hieltyd minder maklik te finen yn'e wrâld wylst it wol hiel wichtich is foar ynsekten, bisten en minsken.

By de Waadkust del wurdt al jierren wurke om ús meast tsjustere gebiet, tsjuster te hâlden en noch wat tjusterder te meitsjen. Dat is goed foar minsken, bisten en ynsekten.

Ut it programma Naar een Rijke Waddenzee wei wurdt no oan wurke om dat mei Dútslân en Denemarken op te pakken. Dêr binne trije eilannen dwaande ek in saneamd Dark Sky park te wurden lykas der no al is op de Boschplaat op Skylge en de Lauwersmar. Dat binne Spiekeroog en Pellworm yn Dútslân en Møn yn Denemarken.

Stjerren boppe it Waad by Koehoal - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Gemeenten

Al dy partijen hawwe elkoar fûn yn it stribjen om it Waad tsjusterder te meitsjen. En dat gebeurt benammen troch minsken dêrfoar entûsjast te meitsjen, mar ek troch inisjativen fan ûndernimmers.

Fierder wurdt de ûnderfining dy't wy hjir hawwe mei bygelyks spesjale strjitteferljochting ek dield. Alles hoecht net folslein frijbliuwend te gebeuren, seit projektlieder Sonja van der Graaf fan it Programma naar een Rijke Waddenzee: "Uiteindelijk is het natuurlijk ook wel heel prettig om dingen te borgen in beleid. Dus het zou wel heel mooi zijn als gemeenten ook regels gaan opstellen."

Sonja van der Graaf

(advertinsje)
(advertinsje)