Mei de heechwurker dochs ekfes by de famylje sjen

28 mrt 2020 - 16:45

By wensoarchsintrum De Flecke op De Jouwer is dizze sneon wat kreatyfs betocht om kontakt te hawwen mei de bewenners: mei de heechwurker omheech nei de keamer fan heit, mem, pake of beppe.

Lykas bekend is it sûnt ferline wike freed net mear tastien om op besite te gean yn fersoargingshuzen. In drastyske maatregel mei fertrietlike gefolgen. Belje fia Skype of byldtelefoan is in oplossing, mar je wolle mekoar sa graach echt yn 'e eagen sjen.

Op De Jouwer kin dat dus no. "We gean mei de heechwurker 7 meter de loft yn, mei twa minsken yn in bakje. De bewenners komme dan foar it raam en sa kinne minsken dochs efkes elkoar sjen en mei elkoar prate troch de tillefoan", seit Gosse de Jong fan it bedriuw dat de heechwurker betsjinnet.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Untsmet

It bakje wurdt nei eltse kear ûntsmet, minsken krije ek wanten oan foar de feiligens en sûnens. De reaksjes binne posityf. "Minsken fine it geweldich. Kinst wol facetime en skype, mar dit is dochs wol moaier."

In 'ritsje' mei it bakje duorret in kertier oant tweintich minuten. Sneontemoarn om 10.00 oere wiene de earste minsken der en it giet troch oant 16.00 oere.

Om kwetsbere bewenners fan ferpleechtehuzen en lytsskalige wenfoarmen foar âlderen better te beskermjen tsjin it coronafirus hat it regear ferline wike besletten dat der gjin besite mear komme mei. Famylje, freonen en kunde meie foarearst oant 6 april net del komme. Der wurdt allinne in útsundering makke foar âlderen dy't stjerrende binne.

(advertinsje)
(advertinsje)