Kamera telt tal klanten yn supermerk

Troch it coronafirus mei mar in beheind tal minsken tagelyk yn in winkel wêze. Binne der te folle, dan moatte minsken bûten wachtsje. Foar de meiwurkers is dat net by te hâlden as it smoardrok is. Yn Frjentsjer is no in oplossing betocht: in kamera telt alle oanwêzigen yn de supermerk.
Kamera mei gesichtherkenning telt tal klanten
It bedriuw ICIT yn Frjentsjer hat de kamera ûntwikkele dy't troch gesichtsherkenning byhâldt hoefolle klanten der yn de winkel binne.
De earste kamera is ynstallearre yn de AH yn de stêd. It is al ferkocht oan oare supermerken.
Marco Vrouwenvelder, direkteur fan ICIT