GGD: 13 nije besmettingen yn Fryslân

28 mrt 2020 - 12:25

Der binne 13 nije gefallen fan minsken dy't posityf test binne op it coronafirus. Dat is foar de fjirde kear op rige dat it oantal boppe de tsien útkomt. Ferline wike wie dat noch ûngefear 6 op in dei.

"De besmettingen binne sawat yn alle Fryske gemeenten, dêrmei komt it totaal út op 93", fertelt Wim Kleinhuis, direkteur Veiligheidsregio.

"It giet benammen om minsken út de soarch en slim sike minsken dy't test wurde, dus it getal seit neat oer it oantal besmettingen. It leit yn de line dat der mear besmettingen wêze soenen, mar de groei bliuwt wat langer fuort, dus dat soe in goed teken wêze kinne, mar we binne der noch lang net."

Unbegryplik

Hy fynt it ûnbegryplik dat op De Lemmer in feestje wie mei 15 minsken. "Dat dit sa kin fyn ik ûnbegryplik. It gie ek noch om jonge jonges, wêr binne de âlden tink ik dan. It is goed dat de needferoardering der is sadat de plysje hanthavenje kin. Ik sis it nochris mei klam: doch dit net, brûk jim ferstân en krûp net byelkoar. Hâld ôfstân om besmettingen foar te kommen."

Hy komt ek foarbylden tsjin dat it goed giet. "Ik wie yn de boumerk, en dy wie goed ynrjochte mei in tagongsbelied. Sa'n tachtich oant njoggentich prosint hâldt him oan de regels. En as minsken met om lyk wolle kinne we hanthavenje."

Kleinhuis meldt fierder noch dat de sikehûzen it goed oankinne. "It tal pasjinten nimt ta, mar we hienen it al drokker ferwachte. Dat soe in posityf sinjaal wêze kinne, mar we moatte no net ferslappe en wol trochgean."

Kinne we noch nei bûten ta?

"Ja, mar sykje gjin groepen op, bliuw yn de eigen omkriten. En as it drok is, sykje dan in rêstich plak op. In frisse noas helje, is prima mar doch dat yn eigen omjouwing. Fryslân is rom, der is genôch plak om rêstich te fytsen of te rinnen."

Wim Kleinhuis

Trefwurden: 
GGD coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)