No't doarren ticht binne, set Fries Museum yn op online tours

It Fries Museum sit net stil no't de doarren oant 1 juny ticht binne troch de coronakrisis. Besikers en keunstleafhawwers kinne online fia audiotours ferhalen efter de kolleksje en gearstallings hearre.
© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
It Fries Museum kaam freed al mei 'Grutsk', in plan fan oanpak om nei de coronakrisis sa fluch mooglik wer grutte groepen toeristen nei Fryslân te heljen. Mar yn de tuskentiid wolle se minsken online betsjinje troch ekstra audiotours, seit direkteur Kris Callens.
"We proberen er voor de mensen te zijn op een nieuwe manier. Dat doen we via de website, via Facebook en Twitter. Iedereen die op zoek is naar wat moois op dit vlak kan bij ons terecht via de onlinekanalen."
It Fries Museum hie fansels al in website. Mar neffens Callens wie dy der oant no ta foaral foar praktyske ynformaasje. "En in deze tijden kunnen we via de website meer aandacht besteden aan wat er te zien en te doen is. Nu dat niet in het museum kan, dan maar thuis."
We laten je door de audiotour kijken naar dingen waar je misschien niet op lette. Online biedt een kans om specifieke verhalen te ontdekken.
Kris Callens, direkteur Fries Museum
Fia audiotours wurde harkers meinaam yn de wrâld fan keunst. Der is omtinken foar de kolleksje en ek âlde gearstallings, fan Wij Vikingen oant en mei Mata Hari of bysûnder wurk fan Jan Mankes.
"Je ziet dan bijvoorbeeld het schilderij van Mankes in beeld", seit Callens. "We nemen je mee, laten je door de audiotour kijken naar dingen waar je misschien niet op lette. Dan ga je toch meer zien en dat is waar het ons als museum om te doen is. Online biedt een kans om specifieke verhalen te ontdekken."

Keunst bûtendoar

Net allinnich de keunst út it Fries Museum sels wurdt behannele. Der is neffens Callens ek omtinken foar keunst bûtendoar. "Mensen willen toch een frisse neus halen, de hond uitlaten. Daarom bieden we online ook informatie over kunst in de publieke ruimte in Leeuwarden en omgeving."
Mear ynformaasje is te finen op de webside fan it Fries Museum.