De oarloch yn Fryske foto's: "Minsklik skyld fan ferset"

Fryslân lit de besetting net samar oer him hinne komme. As in soad minsken yn 1943 ferplichte yn Dútslân wurkje moatte, brekt in wurkstaking út. In kearpunt, want it makket dat it ferset him mear organisearret. Guon minsken dûke ûnder, sabotearje en dogge alles om tsjinstân te bieden. Alle sneonen en sneinen tusken 7 maart en 5 april binne der by Omrop Fryslân byldferhalen te lêzen oer de Twadde Wrâldoarloch, yn it ramt fan it projekt De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's.
In lokomotyf yn it wetter fan de Potmarge yn Ljouwert © Fries Verzetsmuseum

Spoarsabotaazje

Ljouwert, net lang nei't de Dútsers ús lân beset hawwe. Yn it wetter fan de Potmarge leit in lokomotyf. By de Dútske ynfal op 10 maaie 1940 binne der noch gjin fersetsorganisaasjes aktyf. Mar it Ljouwerter spoarweipersoniel draait de spoarweibrêge iepen foar in frachttrein. Troch de lokomotyf en in pear wagonnen yn it wetter fan de stedsrivier ride te litten, blokkearje sy de spoarline Ljouwert-Grins.
It personiel makket ek wagonnen op it stasjon stikken en besiket de perronoerkaping omfier te lûken, op befel fan stasjonssjef Blijham. Dat lêste slagget net, mar sy ferniele fan alles om it dreger te meitsjen foar de Dútske opmars. Ek by de Greunsbrêge ferdwynt in ûnbemanne lokomotyf yn it wetter.
Underdûkers yn in jierpelbult yn Ternaard © J. Kamminga (Tresoar, Fries Fotoarchief)
Dizze ûnderdûkers sitte yn april 1945 yn in neimakke jirpelbulte. It binne kantoarfeint Herman Dekker fan Zaandam, lânarbeider Ype Huizinga fan Ternaard, studint Koos van Houwst fan Apeldoorn en de lânbouwers Pieter Hiemstra, Luitzen en Bolling Riemersma fan Ternaard. Opmerklik is dat krekt yn Ternaard in beruchte Landwachter wennet, Simon Wieringa. De Nederlandse Landwacht wie in bewapene organisaasje dy't benammen út NSB'ers bestie. Wieringa jout ferskate kearen troch wêr't ûnderdûkers sitte. En, sa stiet der nei de oarloch yn de krante, 'tal van huiszoekingen zouden zonder zijn verraderlijk werk niet mogelijk zijn geweest.' It wie de 'schrik van Ternaard.'
Gerrit Schuil en Gerben Oswald fan de Landelijke Knokploegen © Griet de Jong (Tresoar, Fries Fotoarchief)
In kantoarfeint en in dykwurker: Gerrit Schuil en Gerben Oswald fan Harns. Sy sitte by de Landelijke Knokploegen en belizze in oanslach op S.B. van Wijnen. Dy Harnzer plysjekommandant sit efter meardere razzia's yn de Súdwesthoeke. Yn novimber 1943 dogge dizze fersetslju in oanslach op Van Wijnen. Yn de Nieuwstraat wurdt hy troch fiif kûgels rekke, mar hy oerlibbet it en Schuil en Oswald dûke ûnder.

'Terroristen'

De jongfeint Frans Michon sit by de SS, mar ynfiltrearret ek yn it ferset. Foar it oanwizen fan de dieders is in beleanning útlutsen fan 10.000 gûne. Troch syn kontakten yn it ferset wit Michon fan de oanslach fan de Harnzers ôf. Hy ferriedt harren. Schuil en Oswald wurde yn Seisbierrum arrestearre.
Op 14 febrewaris 1944 komt it Polizeistandgericht byinoar. Op lêst fan de 'Höhere SS- und Polizeiführer' wurde beide manlju fanwege 'terroristyske aktiviteiten' ta dea feroardiele. "Het vonnis is, nadat het verzoek om gratie was afgewezen, met den kogel voltrokken," stiet yn de krante. As Michon nei de oarloch oppakt wurdt en de rjochter nei syn ferried freget, is it iennige wat Michon seit: "Ik had angst." Hy waard feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf, maar is letter wer frijlitten.
In poster yn Ljouwert: "Ze hangen ons de keel uit" © Historisch Centrum Leeuwarden
Net al it ferset yn de oarlochstiid is grut en giet om oerfallen, spionaazje en ûnderdûke. Der is ek lyts en symboalysk ferset. Guon minsken hawwe bygelyks mansjetknopen yn de mouwen dy't makke binne fan útseage dûbeltsjes, sa't it portret fan keningin Wilhelmina te sjen is. Dizze fersetsposter is ophongen yn Ljouwert. "Ze hangen ons de keel uit," stiet derop. Dêrnjonken is in man tekene dy't twa Dútske soldaten útspuit.
In groep ûnderdûkers yn Rûgehuzen © NIOD
De manlju posearje parmantich foar de kamera, de hannen yn 'e side en de pet skeef op 'e kop. It giet om in groep ûnderdûkers, dy't om 1943-1944 hinne by de famylje De Vries oan de Tsjerkhôfleane yn Rûgehuzen ferbliuwe. Dit doarp leit tusken Nijemardum en Balk yn in rûch begroeide streek. Njonken it doarpke lizze de Star Numanbosken en de Bremer Wyldernis, dêr't mear ûnderdûkers in feilich hinnekommen fine.
In BS-lid by de Landwacht-auto njonken de Woudpoortsbrêge yn Dokkum © Fries Verzetsmuseum
Kanadezen befrije Dokkum op 14 april 1945 en nimme de pleatslike Landwacht finzen. Partijgenoaten krije der lucht fan en warskôgje de Landwacht-post yn Ljouwert. Dy stjoert helptroepen en ûnder Dokkum beslute Landwachters twa boargers oan te hâlden en fêst te binen oan harren auto. It giet om Pieter Eekfhoff en Oege Monsma fan Broeksterwâld. In wreed beslút, de manlju tsjinje as minsklik skyld.

Minsklik skyld

Ien Landwachter sit efter it stjoer, de oaren rinne ferskûle efter de auto. By de Woudpoortsbrêge fan Dokkum wachtet de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten harren op. It ferset nimt de wein by it tefoarskyn kommen daalks ûnder fjoer, net wittende fan de fêstbûne boargers. Eekhoff ferstjert daalks, Monsma oerlibbet it mar beswykt in lytse wike letter oan de ferwûningen.
De auto wurdt fernield en de Landwachters flechtsje Dokkum yn. Uteinlik wurde de manlju oanhâlden, sa stiet yn de Heerenveensche Koerier. "De schuldige landwachters zijn thans, dank zij het ijverig speuren der Dokkumer politie, opgespoord. Ze zullen hun straf ongetwijfeld niet ontgaan."
Om't Nederlân dit jier 75 jier befrijd is, hat it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies) in projekt opset: De Tweede Wereldoorlog in 100 foto's. Dat wurdt dien yn opdracht fan Platform WO2 en is mei mooglik makke troch it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en it vfonds. Eltse provinsje hat oarlochsfoto's oanlevere dêr't eltsenien op stimme koe. Op 15 jannewaris binne de foto's út Fryslân presintearre, bylden dy't de oarloch sichtber en ynfielber meitsje. In boargerfoarum kiest úteinlik de 100 foto's dy't oerbliuwe foar in nasjonale tentoanstelling, dy wurde op 30 maart bekendmakke.
De seleksje Fryske oarlochsfoto's komt foarby yn dizze ferhalerige en is keazen troch Tresoar, Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Provinsje Fryslân, Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân. De Fryske foto's binne tusken 11 april en 16 septimber te sjen yn it Fries Verzetsmuseum yn de tentoanstelling Oog in oog met de oorlog.