Omrop TIP: De Fryske Matthäus op radio en telefyzje

28 mrt 2020 - 10:34

De Matthäus Passion fan Bach, útfierd troch it Noord Nederlands Orkest (NNO) yn in Fryske oersetting fan Peter Sijbenga, wurdt dizze sneontejûn 28 maart folslein útstjoerd op Omrop Fryslân radio. De Fryslân DOK oer de tariedings en de earste útfiering yn de Grote Kerk yn Harns yn 2018, is te sjen op 28 en 29 maart.

No't it sosjale en kulturele libben foar it grutste part stilleit as gefolch fan de coronakrisis, wurde ek de tradisjonele Matthäus Passions net útfierd. In teloarstelling foar al dy minsken dy't yn de wiken foar Peaske graach nei tsjerke of konsertseal gean om de passy fan Bach mei te meitsjen.

Omrop Fryslân bringt dêrom de Fryske Matthäus fan it NNO nochris foar it ljocht. It konsert is ein maart 2018 opnommen yn de Grote Kerk yn Harns.

It wurdt útstjoerd op sneon 28 maart op de radio fan 18.00 oere oant goed 20.30 oere. De tekst is hjir mei te lêzen yn it tekstboekje.

It Martini Jongenskoar út Snits - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK

De Fryslân DOK 'De Mattéus op syn Frysk' is dit wykein te sjen by NPO2 en by Omrop Fryslân.

Ta gelegenheid fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 hat it Noord Nederlands Orkest de ferneamde Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach yn it Frysk oersette litten troch Peter Sijbenga. It lijensferhaal fan Jezus, ferteld troch orkest, koar, solisten en bernekoar, yn in muzikaal masterwurk fan trije oeren lang.

Programmamakker Albert Jensma folget yn it programma de tariedings fan orkest, koar, bernekoar en solisten. Wat bart der, as jo ynternasjonale solisten sjonge litte yn in foar harren frjemde taal?

Oersetter Peter Sijbenga stelt himsels foar in grutte útdaging troch de Matthäus fan it Dútsk nei it Frysk oer te setten, sûnder it monumintale wurk fan Bach skea te dwaan.

Cécile van de Sant, alt - Foto: Omrop Fryslân

It NNO stiet ûnder lieding fan dirigint Reinhard Goebel. De solisten binne: Georg Gädker (Jezus), Peter Gijsbertsen (Evangelist), Johanette Zomer (sopraan), Cécile van de Sant (alt), Mark Omvlee (tenor) en Maarten Koningsberger (bas). Mei meiwurking fan it Noord Nederlands Concertkoor en Martini Jongenskoor Sneek.

Dirigint Reinhard Goebel - Foto: Omrop Fryslân

De Fryske Matthäus Passion yn de Grote Kerk yn Harns
28 maart, 18.00 oere, Omrop Fryslân radio

Fryslân DOK, 'De Mattéus op syn Frysk'
28 maart, 15.30 oere, NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling 29 maart 13.10 oere)
29 maart, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(advertinsje)
(advertinsje)