Rob Pieters op Flylân: "It is rêstich op it eilân, benaud bin ik noch net"

28 mrt 2020 - 10:03

De jachthavens op de Waadeilannen binne ticht en tongersdei kaam dêr noch by dat ek de húskes net mear brûkt wurde meie troch boatsjeminsken. Allegearre maatregels om it coronafirus te bestriden. Ald-ferslachjouwer Rob Pieters fan Omrop Fryslân leit grutte parten fan it jier mei de boat yn de jachthaven fan Flylân en fertelt oer de situaasje op it eilân.

Foto: Rob Pieters

Doe't ôfrûne wike de jachthaven ek op Flylân ticht gie, lei Pieters der al mei syn boat. "Der lizze noch in stik as fjouwer boaten", lit hy witte. "It is hjir dus hiel rêstich." Dat de húskes net mear brûkt wurde meie, kin fansels in grut probleem wêze. ,,Mar wy ha in wc op de boat, dus dêr rêde wy ús wol mei."

Mear soargen dan oer de haven of de húskes, hat Pieters oer de takomst fan it eilân en yn it bysûnder oer de konsekwinsjes fan it coronafirus en de maatregels dêrtsjin. "De situaasje is ûnwis, it toerisme is fansels de koark wêr't dit eilân op driuwt. It is gewoanwei in ekonomyske ympuls, dus it komt hjir wol efkes oan."

It is neffens Pieters dan ek it petear fan de dei op Flylân. Op strjitte fernimt hy de gefolgen ek. "Komst fansels folle minder minsken tsjin as oars."

Op it eilân binne noch gjin meldings fan besmette minsken west. Benaud dêrfoar is Pieters ek net, seit hy. "It hâldt my fansels wol dwaande. Mar benaud bin ik net. Want benaud wol ik net wêze foar wat der noch net is. We binne firusfrij, litte we dat sa hâlde."

Rob Pieters oer de situaasje op Flylân

(advertinsje)
(advertinsje)