Nij inisjatyf 'Brieven aan Bep' helpt âlderein oan pinfreon

28 mrt 2020 - 08:46

Troch alle coronamaatregels hawwe âlderen yn bygelyks fersoargingshûzen it hieltyd dreger. Se meie gjin besite mear ûntfange, wat al gau foar iensumens soargje kin. Dêrom sette de 25-jierrige Martje Bergsma fan Boarnsweach it platfoarm 'Brieven aan Bep' op. It idee is om âlderein in pinfreon te jaan. It inisjatyf is no al útgroeid ta in grut netwurk.

Foto: Iep Bergsma

"We sitte no al op mear as 140 minsken dy't har oanmeld hawwe," fertelt Martje. It is in súkses dat se nea ferwachte hie. "Ik woe eins al langer soks opsette en mei dizze krisis koe ik der eins net mear om hinne. Ik fyn it hiel sneu foar dy âlderen, dy hawwe it no echt lestich. Dêr woe ik hiel graach wat foar dwaan."

Bergsma begûn mei it oanskriuwen fan fersoargingshûzen en oproppen foar pinfreonen yn ferskillende Facebook-groepen. Dêr krige se gau in soad reaksjes op.

No sit se hiele dagen oan de telefoan. "Ik wol alle minsken wol earst belle ha om te hearren watfoar persoanen it binne." Se set de ynteresses fan de âlderein en dy fan de pinfreonen yn in bestân, sadat se minsken mei bygelyks deselde hobbys oan elkoar keppelje kin.

"We ha no in oantal minsken by elkoar brocht. Safier ik wit binne der noch gjin brieven ferstjoerd, mar dat sil hjoed of moarn wol feroarje."

Foto: Martje Bergsma

It platfoarm moat ek nei de coronakrisis foar bliuwende freonskippen soargje. "Ik hoopje dat de minsken nei de coronakrisis trochgean mei elkoar te skriuwen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)