Kollum: "Bestelbuskes en boeren"

28 mrt 2020 - 08:21

"As je moarns wekker wurde, sit de krante yn de bus. Hulde foar de makkers en besoargers. Flak foar sân oere is it even drok op de dyk foar ús hûs, de minsken geane nei harren wurk. De benzinepomp hjir in pear 100 meter fierderop is dan ek al iepen. Even letter docht de bakkerij de doarren los sa dat de klanten farske bôle keapje kinne, dy't de ôfrûne nacht ek wer gewoan bakt is.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

As ik de kofje op ha, stap ik yn myn buske en gean oan it wurk, ik bin ien fan dy Nederlanners dy't in saneamd fitaal berop hat. Ik beslút dizze moarn net oer de A7 te gean, mar binnentroch. Even de eagen de kost jaan wat Fryslân docht, sa ier op de dei.

De boeren binne drok dwaande. Se ha de kij wer molken, der leit nij foer foar it stek en se dogge it nedige lânwurk om derfoar te soargjen dat de frachtweinen nei de supermerken net leech reitsje sille. In gerêststellende gedachte yn tiden dat sels D66-er Tjeerd de Groot him even stil hâldt oer syn stokhynderkes. De boeren soargje foar ús iten, dat hat altyd al sa west en dat sil ek sa bliuwe.

Fierderop sjoch ik in bestelbus stean. Twa manlju wrotte yn de berm mei in minykraan, om ien of oare kabel ûnder de grûn te krijen. It is prachtich waar, skraal mar wol drûch. Even fierderop stiet wer in bestelbuske. Dit kear fan in skildersbedriuw. De skilder stiet op syn steger en skjirret in daksgoate. Wylst ik trochrydt op wei nei myn earste halte, stoppet in bestelbus fan PostNL by in hûs. De frou yn de bekende oranje kleure klean stapt út, tôget in pak nei de foardoar en bellet oan. Ik tocht dat dy pas letter op de dei begûnen, mar miskien wist de sjauffeur dat dizze minsken no thús binne. Nochtere Fryske mentaliteit op it plattelân tsjinoer opleine formats.

Ik sjoch links en rjocht skiep mei lammen yn de greiden rinnen. Ek in pear ploechjes prachtich reewyld rinne te weidzjen op in pear plakjes dêr't ik wit hokker kant ik útsjen moat. Yn Beetstersweach stiet de deistige frachtwein foar de supermerk. Yn de haadstrjitte, dy't eins te smel is foar dit gedoch, hearsket in serene rêst. Ik hoe net te wachtsjen op tsjinlizzers, mar kin daliks om de frachtwein hinne. De sjauffeur knikt freonlik wylst er mei syn palletkarre nij iten en oar guod oan it útladen is, dat letter op de dei troch de Sweachsters kocht wurde kinne.

Dan moat ik noch in stikje troch de bosk, it is deastil op de dyk. Gjin bern dy't trijebreed yn it paad fytse, inkeld sa no en dan ien persoan dy't in eintsje mei de hûn te rinnen is. Tsjin de middei gean ik nei hûs te iten, pas dan falt it echt op hoe stil it is. Net allinnich op de dyk, mar ek yn de stielblauwe Fryske loft binne eins gjin streken fan fleanmasines te sjen. Op it fytspaad sjit sa no en dan in hurdfytser foarby, fierder is it Fryske lân foar dy't it bewurkje en foar de mannen en froulju mei de bestelbuskes. De 'doeners' sa as Saskia van Westhreenen se sa treflik omskreau.

Je soenen it hast in woldiedige rêst neame wolle, as der net sa'n wrede en ûnsichtbere oanlieding foar dizze stilte wie."

(advertinsje)
(advertinsje)