Coronanijs sneon 28 maart: Coronapasjinten op intensive care, boeten foar thúsfeest

28 mrt 2020 - 20:00

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne yn ús provinsje oant no ta 93 minsken posityf test op it firus, twa minsken binne stoarn;
  • De fersprieding fan it coronafirus giet yn Fryslân trager as yn oare parten fan Nederlân, seit de GGD;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch hjir op de oersjochkaart nei it totaal oantal positive tests yn Fryslân (boarne: RIVM/GGD).

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:30
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog op dizze sneon 28 maart oer it coronafirus. Tank foar it folgjen! Foar alle nijs út Fryslân sjogge je op www.omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

22:10
Ekstra beazemingsapparatuer

It ministearje fan Definsje hat nochris 25 beazemingsapparaten beskikber steld foar sikehuzen. Dy komme boppe-op de fjirtich apparaten dy't Definsje earder al oan sân sikehuzen levere. It ministearje fan Folkssûnens hie om de apparaten frege. Se wurde brûkt op de intensive care.

21:18
Regionaal Overleg: "26 coronapasjinten op intensive care yn Fryslân"

Neffens it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland (ROAZ NN) leine der sneontemoarn om 10.00 oere yn totaal 26 coronapasjinten op de intensive care fan de Fryske sikehuzen. Dêrneist wiene der 77 coronapasjinten yn Fryslân dy't ek yn de sikehuzen leine, mar net op de intensive care. It giet om minsken dy't posityf test binne op it coronafirus, mar ek minsken dy't nei alle gedachten besmet binne mei it firus.

20:45
It wie earder sneon tige drok by it stoart yn Ljouwert
19:18
Bemanning kin net fan board

Skipfeartbemanning yn de hiele wrâld kin net ôflost wurde fanwege it coronafirus. As der nije bemanning oan board komme soe, bestiet nammentlik de kâns dat dy it firus meinimt. En dy kâns wolle rederijen net rinne, om't harren skip dan oan de ketting lein wurdt.

Foto: Eigen foto
18:22
"Dom wat de jonges op De Lemmer dien ha"

"It is hiel dom wat de jonges op De Lemmer dien ha. Wy besykje earst alles op in freonlike wize te beëinigjen, mar as dat net wurket, dan grypt de plysje yn." Dat seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren yn reaksje op de boeten dy't de plysje dêr freedtejûn útdield hat. De jonges hiene in húsfeest en holden har net oan de corona-maatregels.

17:31
Thys de Jong rint Maraton Rotterdam mis troch coronakrisis

Net allinnich foar bekende sporters hat de coronakrisis gefolgen. Ek foar bygelyks atleet Thijs de Jong fan Britsum. Hy soe dizze maaitiid foar it earst de Maraton fan Rotterdam rinne, mar dy is skrast. Thys hie in bysûnder doel.

16:50
Mei de heechwurker dochs ekfes by de famylje sjen

By wensoarchsintrum De Flecke op De Jouwer is dizze sneon wat kreatyfs betocht om kontakt te hawwen mei de bewenners: mei de heechwurker omheech nei de keamer fan heit, mem, pake of beppe.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
16:30
Mear as 20.000 deaden yn Europa

It deadetal as gefolch fan it coronafirus yn Europa is omheech gien ta boppe de 20.000. Dat docht bliken út offisjele tellingen dy't it Frânske parseburo AFP byhâldt.

16:02
Leanekeatsen yn Harns skrast

It leanekeatsen yn Harns, dat fan 8 oant en mei 12 juny plak fine soe, giet net troch. Dat hat de organisaasje niiskrekt besletten. Fanwegen de rjochtlinen en maatregels fynt dy it net ferantwurde om it evenemint trochgean te litten.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)