Plysje dielt boetes út oan jongeren op Lemster thúsfeest

28 mrt 2020 - 08:09

De plysje hat freedtejûn op De Lemmer boetes útdield oan jongeren dy't in feestje hâlden. Op it feest wienen 15 minsken yn 'e hûs. De oanwêzigen hâlden har net oan de maatregels fan it RIVM en seagen net de earnst fan de saak yn.

Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de feestgongers sei: "Ik ben jong, ik krijg het niet. Alleen oudere mensen overlijden er aan."

De plysje hat foar de 15 jongeren proses-ferbaal opmakke. Se kinne rekkenje op in boete fan 400 euro ôf.

De plysje ropt mei klam op om de regels te folgjen en freget dat ek oan de âlden om derop ta te sjen en de bern thús te hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)