Wol of net trouwe yn tiden fan corona? "It libben giet troch"

Houliken wurde troch de korona-krisis bot beynfloede: der meie sa min mooglik minsken oanwêzich wêze en se moatte sa folle mooglik ôfstân hâlde. Mar wat dogge je eins as de grutte dei ynkoarten op de planning stiet? Skrasse, of dochs trochgean litte? Wop Beukema en Linda van der Veen út Surhústerfean stappe op 17 april yn it houliksboatsje. "We ha der nea oer neitocht om te skrassen. It libben giet troch."
© Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

"Ekstra bysûndere dei"

"Sjoch, dizze kaarten ha we ferline jier al op de post dien," seit Linda wylst sy alle kaarten op tafel leit. "Op 17 april sil it barre en we ha der gjin momint oer twivele om it trochgean te litten." Linda is hiel entûsjast oer har dei. "We wolle hiel graach trouwe. Dit is graach wat we wolle. As je it útstelle, kin it wêze dat ek net elkenien der by wêze kin."

Gjin grut feest

"Grut foardiel is wol dat we dochs al net sa'n grut feest woene," follet Wop syn oansteande frou oan. "It iennige dat we regelje moasten wie it fersetten fan de lokaasje, dy is no op it gemeentehûs. We soene gewoan thús feest hâlde, mar dat wurdt al ferset, oant nei de simmer. Dan is hooplik elkenien wer wolkom en meitsje we der noch wat fan."
Wop Beukema en Linda van der Veen

Gûlende bruiden

De gemeente Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hat alle ynwenners dy't foar 1 juny trouwe sille opbelle om te freegje wat se dogge. Der binne trije opsjes; útstelle, thús trouwe of op it gemeentehûs mei maksimaal 11 minsken trouwe. "De measte minsken ha it ferset," sa seit Wieke de Boer-Hamstra fan de gemeente. "We ha in protte emosjonele minsken oan de telefoan hân. Inkelde froulju moasten echt gûle. It is ek wol logysk, want je sjogge fansels nei dizze dei út. It is foar minsken de wichtichste dei fan harren libben. Dan is it spitich dat it troch korona sa bot feroaret."

Wenne

De riedseal yn Bûtenpost is ynrjochte foar trouwerijen. De gemeenteried komt foarearst net mear by inoar en dus stiet de seal leech. "We ha al in pear stellen hân," seit De Boer-Hamstra wylst se troch de seal rint. De stuollen stean op oardel meter ôfstân by in grutte tafel. Yn it midden stean twa stuollen foar it stel. "Dizze opstelling wie foar harren ek efkes wennen, mar se hiene dochs in moaie dei."