Coronafirus betsjut minder besite en minder wurk foar finzenen

27 mrt 2020 - 22:59

Sûnt 17 maart bliuwe de rjochtbanken yn Nederlân ticht foar net-urginte saken. Mar dat it coronafirus ek ynfloed hat binnen de muorren fan de Ljouwerter finzenis makket strafrjochtadvokaat Bart Canoy dúdlik yn it radioprogramma Weistra op Wei. Boppedat is it strafrjocht yn koarte tiid feroare fanwegen it coronafirus.

De Marwei yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Foar de minsken op de sletten ôfdieling hat it coronafirus sa syn gefolgen. Canoy leit út dat de finzenen minder besite krije en dat foar harren minder wurk te dwaan is. "Het hakt er natuurlijk wel in: geen bezoek, minder arbeid en ook gewoon bezorgd zijn over je eigen gezondheid en de gezondheid van anderen", seit er.

Canoy leit út dat de rjochtspraak hjoed-de-dei ek oars omgiet mei de straffen by swiere oertrêdingen. Sa wurdt bygelyks de famylje belutsen by it fêstlizzen fan sa'n straf. "Moet iemand naar huis toe omdat-ie daar nodig is?", neamt er as foarbyld. "Er worden gezondheidsrisico meegewogen en er wordt ook gesteld: is de detentie niet te zwaar als je geen bezoek mag ontvangen?"

Taakstraffen

Oer it oplizzen fan taakstraffen hat advokaat Canoy noch wol inkelde fragen. "Hoe zit het met boetes betalen?", freget er him lûdop ôf. "Als je ziet dat we een heleboel belasting op dit moment eventjes niet hoeven betalen, kan ik mij voorstellen dat over boetes die zijn opgelegd nu eventjes gezegd moet worden: 'nu niet betalen'."

Nije noarm

Ta beslút binne der yn dizze perioade in hiele rige nije regels en oertrêdingen bykommen. Net allinne de oardel meter; Canoy neamt ek it byinoar kommen op in begraffenis of brulloft. Sûnt de útbraak fan it coronafirus is de maatregel om net mear as 30 persoanen út te nûgjen foar sokke saken. Ek is de 'coronahoester' in nij fenomeen binnen it strafrjocht.

Mar neffens Canoy falt it ta hoe gau oft de agint immen op strjitte strafber stelle sil. Boargemaster Buma hat nammentlik oanjûn net fuortendaliks te straffen. Wol ûntstiet er no in nije noarm, seit Canoy. En dat fynt er in goeie saak.

Bart Canoy

(advertinsje)
(advertinsje)