Noardlike soarchorganisaasjes meitsje romte frij foar coronapasjinten út sikehuzen

Soarchorganisaasjes yn de ferpleging, fersoarging en thússoarch yn de trije noardlike provinsjes meitsje kapasiteit frij om coronapasjinten op te fangen. Dat dogge se yn gearwurking mei de sikehuzen en de thússoarch. De romte is foar pasjinten dy't út it sikehûs ûntslein wurde kinne, mar net nei hûs kinne.
© ANP
De ekstra kapasiteit is ek foar pasjinten dy't net mear thús fersoarge wurde kinne, mar ek net nei it sikehûs ta hoege. Yn de Fryske sikehûzen leine freed 99 coronapasjinten.
De soarchorganisaasjes meitsje de romte frij op fersyk fan it saneamde Strategisch Kernteam. Yn Fryslân hie Alliade yn wensintrum Anna Schotanus op It Hearrenfean al sa'n foarsjenning. Dêr binne op it stuit al acht pasjinten opnommen. By Anna Schotanus kinne se yn totaal útwreidzje nei 50 bêden.
Ek op ferskate plakken yn Grinslân en Drinte wurdt no romte frij makke.

Coronarûten

Foar pasjinten dy't wol thús fersoarge wurde kinne, hat thússoarchorganisaasje Icare saneamde coronarûten organisearre. Dat binne spesjale teams dy't soarch en ferpleging oanbiede oan pasjinten dy't besmet binne, fertochte binne of opknappende binne fan it firus. Ek pasjinten dy't thússoarch krije fan oare organisaasjes wurde yn dy coronarûte opnommen.
Troch sa te wurkjen, komt der minder druk op de sikehuzen en thússoarchorganisaasjes yn Noard-Nederlân. Earder makken de sikehuzen al bêden frij foar coronapasjinten troch guon oare opnamen út te stellen, as dat koe. Troch dy maatregels is de akute soarch yn Noard-Nederlân taret op mear pasjinten mei it coronafirus.