Nachtopfang dakleazen moat beskikber bliuwe tsjin fersprieding coronafirus

27 mrt 2020 - 21:21

Gemeenten moatte der de kommende tiid foar soargje dat nachtopfang foar dak- en thúsleazen beskikber bliuwt, om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Boppedat moatte der oerdeis ek plakken wêze dêr't minsken sûnder wen- of ferbliuwplak teplak kinne om te iten, om op te waarmjen of om nei it húske te kinnen.

Foto: Omrop Fryslân

Dat stiet yn in nije rjochtline fan it ministearje fan Folkssûnens. Steatssekretaris Blokhuis hat de rjochtline opsteld nei oerlis mei de Feriening fan Nederlânske Gemeenten en brânsjferiening Valente. "In deze tijden van crisis is de groep dak- en thuisloze mensen extra kwetsbaar en mogen we hen niet uit het oog verliezen", seit Blokhuis.

De lanlike rjochtlinen fan oardel meter ôfstân jildt ek foar de opfang. "Ook legt de richtlijn uit hoe om moet worden gegaan met dak- en thuisloze mensen die klachten vertonen", neffens it ministearje. "Bij verdenking van een besmetting met het coronavirus moet iemand in een aparte ruimte worden geplaatst om uit te zieken."

As gemeenten troch de rjochtline ekstra kosten meitsje moatte, springt it Ryk finansjeel by.

Spesjale romte by Zienn yn Ljouwert

Zienn hie by de nachtopfang yn Ljouwert al in spesjale romte foar kliïnten dy't it firus mooglik ha. Boppedat hiene se al in soad maatregels nommen. Sa moatte de minsken ien foar ien nei binnen komme. Marrit Koelstra fan Zienn: "Dêrnei waskje se de hannen, dan wurde se fûillearre om te sjen of sy drugs of wapens by harren hawwe en se moatte ferplichte dûse. En as dat allegear dien is, kinne se nei binnen."

"It nimt mear tiid en der moat in soad wachte wurde, mar ik moat sizze dat de passanten goed meiwurkje", seit Koelstra. "Se fine it noflik dat der wat oan dien wurdt. Minsken folgje ek de media, sy binne fan alles op 'e hichte."

By de nachtopfang fan Zienn ha se ekstra minsken ynset. "Er is de hele dag en nacht een medewerker aanwezig die mensen direct op kan vangen", seit Nynke Plantinga fan Zienn. "Iedereen vindt het spannend, maar zet ook de schouders eronder. Er heerst een soort saamhorigheidsgevoel: iedereen wil wel wat extra doen."

Folgje it nijs hjoed oer it coronafirus ek wer yn ús liveblog. En foar alle berjochtjouwing oer it firus kinst teplak yn it dossier.

Trefwurden: 
Zienn coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)