Feesttintebrânsj liedt needklok, want alles wurdt ôfsein

27 mrt 2020 - 20:49

Feesttinteferhierders binne massaal yn mineur. Troch de coronakrisis binne alle klussen oant 1 juny ôfsein. Feesttinteferhierder Van Kammen fan Easternijtsjerk hat al sa'n 70 annulearrings binnen. De tweintich wurknimmers dogge no op 'e saak wat putsjes, mar as it sa bliuwt, wachtet wurktiidferkoarting. De folsleine brânsj liedt no de needklok.

Ale Siemen van Kammen oer de krisis:

De troch it kabinet ôfkundige maatregels rinne op 1 juny ôf. It is allinnich de fraach oft grutte feesten dan fuort wer tastien wurde.

Ale Siemen van Kammen hat lege ferwachtingen: "Ik tink dat in hiel soad minsken dan dochs noch benaud binne. Dan gean se net samar nei in grutte feesttinte ta. Boppedat ha je as wurkjouwer ek in ferantwurdlikens. Want as it der noch is, moat ik dan myn minsken dat risiko rinne litte?"

Hurde klap foar de brânsj

It jier 2020 kin dan ek wol it jiskefet yn, seit Van Kammen. "We meie tink al fan gelok sprekke as we yn septimber tinten pleatse kinne."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

As myn telefoan no giet, is it in annulearring.

Ale Siemen van Kammen

By de folsleine brânsj komt de klap hurd oan. "We moatte ús ynvestearrings yn de simmer fertsjinje. Dan krije je fet op de bonken foar de winter. No is der neat. As myn telefoan no giet, is it in annulearring. Oars waard just frege oft we noch in tinte stean hiene."

De ynvestearrings dy't se oars gewoanwei winterdeis dogge, wurde net weromfertsjinne. Sa hearde Van Kammen fan in kollega dat dy op fersyk fan in festival in spesjale tinte kocht hiene: "Mar dat giet no net troch en it jild binne je kwyt. En dat ha je no nedich."

Langer kofje drinke

De tweintich wurknimmers drinke no wat langer kofje en dogge lytse putsjes op en om it bedriuw. Mar dat kin net hiel lang trochgean seit Van Kammen: "Dan moatte je wurktiidferkoarting oanfreegje. Dat is swier, want sy ha ek allegear in thús."

Van Kammen hat ek noed oer alles om de feesttinten hinne: "Tink oan de toiletferhierders, de froulju dy't dêrby sitte, de bands dy't spylje, de boekingsburo's. Der sit in hiele ekonomy achter. Dy kriget no ek echt in fikse dreun te ferwurkjen."

(advertinsje)
(advertinsje)