Boufakkers moatte yn lytse groepkes wurkje en net tagelyk yn de keet

27 mrt 2020 - 20:40

Boufakkers moatte sa folle mooglik selsstannich nei it wurk komme en yn lytse groepen op fêste lokaasjes wurkje. Boppedat moatte boufakkers sa min mooglik skoft hâlde yn de lytse boukeet. Dat stiet yn it protokol foar feilichheid op de boupleats. Dat hat it kabinet fêststeld mei de bou- en technyksektor.

Foto: ANP

It skoft moatte se sa folle mooglik bûten hâlde, neffens it protokol. En as it min waar is, dan moatte ploegen ôfwikseljend de boukeet yn, sadat se wol wat ôfstân hâlde kinne.

Foar it ferbouwen fan in hûs is it wichtich dat bewenners yn in oare romte binne. En de boufakkers en bewenners meie allegear net siik wêze. De regels moatte derfoar soargje dat it wurk yn de bou sa folle mooglik trochgean kin, mar wol op in feilige wize, seit it ministearje.

Wêr't it mooglik is, moatte boufakkers oardel meter ôfstân fan elkoar hâlde. It protokol is opsteld neffens de rjochtlinen fan it RIVM en wurdt stipe troch de fakbûnen, brânsjferieningen en wurkjouwers- en wurknimmersorganisaasjes.

Folgje it nijs hjoed oer it coronafirus ek wer yn ús liveblog. En foar alle berjochtjouwing oer it firus kinst teplak yn it dossier.

Trefwurden: 
bousektor coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)