FIDEO: Boargemaster Van der Zwan grypt yn as der húsfeesten binne

27 mrt 2020 - 20:21

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean sil wol deeglik yngripe by húsfeesten. Dat seit er yn It Polytburo. Boargemasters ha dat foech krigen fan it kabinet, mar de foarsitter fan de Veiligheidsregio's yn Nederlân, boargemaster Bruls fan Nijmegen, sei dat er dêr net op hanthavenje sil.

Ek boargemaster Femke Halsema fan Amsterdam sei dat net te dwaan. Feitlik is it sa dat der maksimaal trije minsken bûten de húshâlding sels yn in wenning op besite meie. As minsken net om lyk wolle, sil Van der Zwan in ein oan sa'n feest meitsje.

Van der Zwan sei fierder te hoopjen dat de les fan dizze krisis is dat sterke oerheden belangryk binne. Ek it belang fan bepaalde beroppen, lykas de de soarch, is neffens him wol oantoand. Neist wurdearring moat dêr dan ek in goeie beleanning foar komme, sei er.

(advertinsje)
(advertinsje)