Brêge Slachtetille wurdt werom set yn syn plak, part A31 ticht

De Slachtetille-fuotgongersbrêge, better bekend as de Slachtebrêge, wurdt dit wykein werom op syn plak setten. Oan de brêge is de ôfrûne moannen grut ûnderhâld dien. De A31 is derom fan freed- oant sneintejûn ôfsletten tusken de oanslutingen Mullum en Frjentsjer.
Begjin novimber is de Slachtebrêge fuorthelle om op te knappen © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
De Slachtetillebrêge is part fan de Slachtedyk, de dyk dy't Fryslân earder beskerme tsjin de Middelsee. Fanwege de grutte kultuerhistoaryske en lânskiplike wearde hat It Fryske Gea de Slachtebrêge yn 2000 oankocht en yn behear. Rykswettersteat hat de brêge yn it neijier fan 2019 fuorthelle en yn in wurkpleats opknapt.
De A31 is fan freedtejûn 20.00 oere oant sneintejûn 22.00 oere ticht yn beide rjochtingen tusken de op- en ôfritten Mullum en Frjentsjer. It ferkear wurdt omlaat oer de N359 en N384.
Fjouwer grutte kranen diene yn novimber de demontaazje fan de fuotgongersbrêge:
Slachtetille oer A31 tydlik fuort foar ûnderhâld