PODCAST: 'De gefaarlike tocht'
De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze tsiende Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'De gefaarlike tocht'.
Utstjoering 10: De gefaarlike tocht
William Leach rint troch de Skotske bergen op wei nei syn freon Blake dy't sa'n 100 kilometer fierderop wennet. William is grut, sterk en atletysk en hat altyd in ikehouten kneppel by him. Nei in dei rinnen kloppet er deaynein oan by in lyts houten húske
De bewenster, in âld frou, lit him deryn, mar it giet net fan herte. Der sitte noch twa manlju yn de lytse romte en as William him nei wat iten en drinken deljout, besykje de manlju him te berôvjen. William wit út te naaien en draaft de bergen yn.
As er der wis fan is dat er net achterfolge wurdt, jout er him del tsjin in beam. Hy krijt in nuvere en aaklike dream oer syn freon Blake. In dei letter docht bliken dat de dream wierheid is.
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify.
Sjoch foar mear ynformaasje en alle oare ôfleveringen fan Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.