Buert ferrast op har jierdei 100-jierrige frou Falkena-Albada

De freed 100 jier wurden Grietsje Falkena-Albada is ferrast troch buorlju, bern, beppesizzers en ek de oerbeppesizzers. Troch it coronafirus soe har bysûndere jierdei net fierd wurde. Minsken kinne nammentlik net ticht by har yn de buert komme. Dus waard in oplossing betocht.
Buert ferrast op har jierdei 100 jierrige Frou Falkena-Albada
Op in stoel foar har hûs waard se ferrast troch tsientallen minsken dy't foar har songen. Yn de hiele strjitte de Seine gienen de flaggen út. Har famylje song in selsskreaun feestliet foar har yn de tún, op de stoepe en yn de strjitte fan har hûs. Op de wize fan 'O happy day', dêr ha se 'Oh grutte dei' fan makke.

Brief fan de Kening

Frou Falkena-Albada waard ek nochris ferrast troch in bysûndere brief: Kening Willem-Alexander hat har lokwinske mei har hûndertste jierdei. Frou Falkena wennet by har dochter Boukje en har man yn. Dy ha njoggen jier lyn de hobbyromte omboud mei in sliepkeamer, dûs en keukentsje. Sa kin se ite en kofjedrinke by har dochter, en dy docht ek de wask. Dochter Boukje is ek wol thús yn de soarch, se hat kreamfersoarchster west en har baan opsein om op mem te passen.
De jubilaris is noch goed sûn en helder fan geast en enoarm tankber dat se dit noch meimeitsje mei. Se folget it nijs goed en lêst ek alle dagen de krante. Se is ek hiel tankber dat se yn dizze coronatiid by har dochter wennet en dus net allinne is, sa as safolle fan har leeftiidsgenoaten.

Filmkes fan alle bern

Der stie freed noch mear op it programma: in delegaasje fan har tsjerke hat noch del west om te sjongen yn de tún fan de jubilaris. Fierder hat se in fideo krigen mei filmkes fan alle bern, ek dy út Kanada. Dy wiene oars oerkaam, mar dat koe no ek net trochgean troch de sûnenskrisis.