Mikrobiolooch oer coronakrisis: "Dit wordt het nieuwe normaal"

27 mrt 2020 - 17:01

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der lanlik 112 coronastjergefallen meld oan it RIVM. Dat betsjut net perfoarst dat dy minsken ek yn it ôfrûne etmiel ferstoarn binne, it kin ek om stjergefallen gean dy't no pas meld binne. "Aan de sterftecijfers gaan we echter pas als allerlaatste merken of de maatregelen wel of niet helpen", seit Anne-Marie van Elsacker fan ynfeksjesyktesintrum Izore.

Dokter-microbiolooch Anne-Marie van Elsacker - Foto: Izore

Neffens Van Elsacker kin foarsichtich sein wurde dat it oantal nije besmettingen net sa hurd tanimt as kind hie. Dat begjin betsjut nei alle gedachten dat de sifers letter yn de keten ek leger wurde sille en dat der minder minsken ferstjerre sille. "Maar zo ver zijn we nog lang niet." Hoe treurich ek, der sille noch mear minsken deagean, seit Van Elsacker. "Het is gewoon een infectieziekte die voor veel mensen heel akelig uitpakt. Daar kan ik geen vrolijke berichten over geven."

Maatregelen ha effekt

It oantal besmettingen kin ek net realistysk metten wurde, om't der net genôch tests binne en net elkenien test wurdt. "Als wij op dezelfde wijze blijven testen, kunnen we toch zien of het aantal besmettingen toeneemt of niet." Ek húsdokters teste minsken mei grypeftige ferskynsels noch hieltyd op it coronafirus. Van Elsacker: "Het RIVM modelleert op basis van alle informatie die vanuit het land via de GGD'en verzameld wordt. Dat ziet dat het niet meer zo hard stijgt als eerder en dat er een voorzichtig signaal is dat onze maatregelen effect hebben."

"Dit wordt het nieuwe normaal"

Minsken moatte har der neffens Van Elsacker bewust fan wêze dat as der hjoed minder minsken ynfektearre reitsje, we oer in pear wiken pas minder stjerte sjogge. Oant dy tiid moat elkenien him goed oan de maatregels hâlde. "Ik kan niet genoeg benadrukken: we zitten hier een hele tijd aan vast. Dit wordt het nieuwe normaal." Neffens har sille we noch wol in pear moannen of noch langer yn dizze situaasje sitten bliuwe. "Maar we moeten het met elkaar volhouden."

Alles op alles sette

Alles wurdt op alles setten om derfoar te soargjen dat de soarch it sa goed mooglik oankin en der is in soad drokte om alles goed organisearre te krijen. "Er moet zo veel anders. Aan de andere kant zit ik er met gepaste trots naar te kijken. Mensen doen het verschrikkelijk goed en het geeft me een warm gevoel dat we het wel samen voor elkaar boksen."

Oft de soarch it oankin, moat de kommende dagen bliken dwaan. "Dat is superspannend. We moeten het afwachten en iedereen: alsjeblieft volhouden!"

Anne-Marie van Elsacker

(advertinsje)
(advertinsje)