Der lizze no 99 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen

27 mrt 2020 - 16:52

Yn de Fryske sikehuzen lizze op it stuit yn totaal 99 coronapasjinten. Dêrfan lizze der 18 op de intensive care. Yn totaal ha de trije noardlike provinsjes 265 coronapasjinten yn de sikehuzen lizzen, wêrfan't 139 út oare regio's komme. Dy sifers wurde dield troch it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

It saneamde 'Strategisch Kernteam COVID-19 Noord-Nederland' makket gjin sifers bekend oer de beskikbere bêdekapasiteit. "We sjogge alle dagen nei de beskikbere kapasiteit. Dy gegevens binne fan grut belang by it koördinearjen fan de pasjinten yn Noard-Nederlân en dêrbûten. De ynterpretaasje fan dy sifers liedt noch wolris ta betizing en ferkearde konklúzjes."

Sa kin it byld ûntstean dat der hjir genôch kapasiteit is en dat der sûnder oerlis pasjinten dizze kant útstjoerd wurde. Op dy manier rint de koördinaasje net goed mear.

Utwreidzje kin

De soarchorganisaasjes binne goed taret op in taname fan it tal coronapasjinten. Yntusken ha de sikehûzen sa'n 50 oant 70 prosint fan de soarch útsteld, wêr't dat kin. Needsaaklike soarch, lykas onkologyske soarch of akute soarch, bliuwt wol trochgean. It tal IC-bêden kin de kommende wiken foars útwreide wolle, as dêr ferlet fan is. "Het Strategisch Kernteam draagt ervoor zorg dat, met de overname van patiënten uit andere delen van het land, de ziekenhuiscapaciteit voor het Noorden op peil blijft."

Trefwurden: 
sikehûs coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)