Ferpleechhûs hat stekken om besite op ôfstân te hâlden: "Us iennichste ljochtpuntsje ôfnaam"

27 mrt 2020 - 18:47

Soarchsintrum Borniaherne (Noorderbreedte Refalidaasje) yn Ljouwert hat izeren stekken pleatse litten om foar te kommen dat bewenners noch langer fia iepen ruten guod takrije fan famyljeleden. It is in maatregel dy't de ferpleging nimt om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean.

It is swier as minsken yn ferpleechtehuzen gjin besite ûntfange meie. Neisten besykje dêrom foar de ruten kontakt te krijen. En bytiden giet it rút dochs iepen, wurdt der efkes krûpt mei heit of mem en sels lytse boadskippen oerlange.

It personiel fan Borniaherne begrypt dat ferlet, mar grypt no al yn, om foar te kommen dat it coronafirus aanst binnen it fersoargingshûs om him hinne grypt en foar nije besmettings soarget.

"Dit wie ús iennichste ljochtpuntsje"

Guon famyljeleden binne bot oandien troch de maatregels, sa litte se Omrop Fryslân witte. "Dat der no stekken pleatst wurde fielt foar ús as in straf foar de oertredings fan oare minsken. Dit kontakt fia it rút wie ús iennichste wize fan kontakt en dat ljochtpuntsje wurdt ús no ôfnaam."

(advertinsje)
(advertinsje)