Waadfûns ynvestearret 18 miljoen yn fjouwer grutte projekten

27 mrt 2020 - 16:07

It Waadfûns stelt 18 miljoen euro beskikber foar fjouwer projekten om de Waadsee hinne. Goed 16 miljoen dêrfan is bedoeld foar de Fryske projekten Holwert oan See, Fitale Kustzone Lauwersmargebiet en AHPD Ameland. De rest fan it jild giet nei in projekt yn Noard-Hollân.

Lauwersmar - Foto: Shutterstock.com

Foar de ûntwikkeling fan de projekten Holwert oan See en Vitale Kustzone Lauwersmeer wurde beide kearen 8,3 miljoen takend. Foar in pilot fan in fergistingsynstallaasje op It Amelân wurdt 270.000 euro beskikber steld. Earder stipe it Waadfûns dy pilot alris mei 2 miljoen euro.

De Donkerte van het Waddengebied

In fjirde projekt dat jild krijt fan it Waadfûn is it projekt 'De Donkerte van het Waddengebied'. Dat is in projekt fan de Natoer- en miljeufederaasje Noard-Hollân. Dit projekt krijt 1,5 miljoen euro.

(advertinsje)
(advertinsje)