Jongeren yn De Fryske Marren krije digitaal muzykles

27 mrt 2020 - 15:58

De wrâld wurdt hieltyd digitaler no't we hast de doar net mear útkinne. Om alles dochs sa folle as mooglik trochgean litte te kinnen, wurde in soad lessen online jûn. Lykas de lessen fan muzykskoalle Toanhûs op De Jouwer. Al sûnt de earste dei dat de skoallen ticht binne, wurde de muzyklessen dêr digitaal jûn. Alle 53 dosinten fan de muzykskoalle jouwe online les.

De 11-jierrige Tijn Hazelhoff fan De Jouwer is ien fan de learlingen. Hy krijt les yn it bespyljen fan de marimba. "Het is wel raar, je krijgt andere instructies en je kunt niet vragen of je iets goed vasthoudt", fertelt Tijn.

Ek foar syn dosint Johannes Terpstra is it wenne sa sûnder fysyk kontakt. "Je pakt heel gauw even een pols vast bijvoorbeeld, maar dat kan nu niet. Dat moet je nu allemaal digitaal voordoen, we sturen ook veel instructievideo's."

It is wol in útdaging, fynt Terpstra. "Hoe zet je de camera precies neer, welk programma gebruik je, al onze docenten zijn er mee in de weer. Toch is het een hele mooie manier om door te gaan met muziek."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach by in digitale muzykles

(advertinsje)
(advertinsje)