Fryske sikehuzen wreidzje IC-kapasiteit út

27 mrt 2020 - 15:55

De Fryske sikehuzen wurkje hurd oan it útwreidzjen fan intensive care-kapasiteit om coronapasjinten opfange te kinnen. Yn totaal binne der no sa'n 60 IC-bêden yn ús provinsje, mar dat kinne mear wurde.

Foto: Dennis Stoelwinder

Yn it Medisch Centrum Leeuwarden (MCL) is it tal bêden op de intensive care al útwreide fan 20 nei 28. Yn dit sikehûs is dan ek it measte plak, ferlike mei de oare trije Fryske sikehûzen. As it nedich is, dan kin it MCL fierder opskale. Dêrfoar wurdt dan wol apparatuer fan operaasjekeamers ynset wêrtroch't der minder operaasjes plakfine kinne.

Frits Mostert, wurdfierder fan it MCL, lit witte dat der op it stuit seis pasjinten mei in coronabesmetting behannele wurde op de IC. It sikehûs hat net fêstlein hoefolle fan de 28 bêden brûkt wurde sille foar coronapasjinten en hoefolle foar de oare soarch.

Nij Smellinghe

De lytsere sikehuzen - Tjongerskâns op It Hearrenfean, Antonius yn Snits en Nij Smellinghe in Drachten - ha allegear sa'n tsien IC-bêden. Yn Drachten is it tal IC-bêden kommende moandei ferdûbele ferlike mei de normale situaasje, want gewoanwei hat it sikehûs seis. Yntusken stiet it tal IC-bêden op tsien en dêr komme moandei noch twa by.

Tjongerskâns

Ek op It Hearrenfean is de kapasiteit dizze wike fan seis nei tsien bêden gien. Twa fan dy bêden wurde fêstholden foar soarch oan 'gewoane pasjinten'. Daan van den Broek fan it Tjongerskâns-sikehûs: "We kunnen er zelfs nog drie of nog vijf bedden bij zetten als dat nodig is. Drie gaat wel lukken, maar vijf alleen qua ruimte en materiaal. Want als we die vijf bedden neerzetten, dan lopen we waarschijnlijk tegen een personeelstekort aan."

Antonius

It Antonius-sikehûs yn Snits hie oant koartlyn sân bêden op de intensive care. No binne dat der alve, mar it is mooglik om noch fierder op te skalen. Yn Snits lizze twa pasjinten mei in coronabesmetting op de intensive care.

De deistige praktyk feroaret tige rap. Dat seit ek Ellen de Jong fan Nij Smellinghe: "Dit zijn de cijfers van dít moment. Het kan morgen zo weer anders zijn, en dan moeten we ons weer aanpassen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)