Isabelle Diks ferlit de Twadde Keamer en wurdt wethâlder yn Grins

27 mrt 2020 - 15:50

Ald-Ljouwerter Isabelle Diks ferlit de Twadde Keamer. Se wurdt wethâlder foar har partij, GrienLinks, yn de gemeente Grins. Dêr wie in funksje fakant. Se begjint ein april yn Grins.

Isabelle Diks yn de Twadde Keamer - Foto: ANP

Isabelle Diks wie wethâlder fan Ljouwert tusken 2008 en 2017. Dêrnei kaam se foar GrienLinks yn de Twadde Keamer. Ein 2008 siet se ek al tydlik even yn Den Haag.

Fergoedingkwestje

De lêste perioade stie Diks ûnder druk, omdat se in fergoeding krige omdat se fier by Den Haag wei wenne. Mar ek doe't se nei Den Haag ta ferhuze wie, krige se noch hieltyd dy fergoeding. Sa hat dat jild dêrnei werom betelle yn oerlis mei de keamerfraksje.

Earder waard ek dúdlik dat se wachtjild krigen hie boppe-op har lean as lid fan de Twadde Keamer. Dat krige se omdat se as parlemintariër minder fertsjinne as as wethâlder. Ek dat hat se werom betelle.

Njonken wethâlder wurdt Diks ek lokoboargemaster yn Grins. Op Twitter betanket se de kollega's foar de gearwurking yn de Twadde Keamer.

(advertinsje)
(advertinsje)