HEA! Ploegje mei de hynders derfoar

27 mrt 2020 - 15:39

It lân ploegje sa't dat 70 jier lyn ek dien waard. Obe Mous út Bakhuzen fynt it machtich wurk. Mei syn beide hynders foar de ploech genietet hy bot. Obe learde de keunst fan syn buorman en âld-boer Haarsma, dy't eartiids ek sa wurke. Dat koste al wat ynspanning, mar no docht Obe mei syn span hynders sels mei oan nasjonale wedstriden.

Trefwurden: 
Hea! Bakhuzen ploegje Obe Mous
(advertinsje)
(advertinsje)