Syb van der Ploeg: "Liesbeth List hie Divakrêft"

27 mrt 2020 - 15:23

Syb van der Ploeg hat waarme oantinkens oan de kearen dat hy mei sjongeres Liesbeth List op it poadium stean mocht. Freed waard bekend dat List op 78-jierrige leeftyd ferstoarn is.

Syb van der Ploeg en Liesbeth List - Foto: ANP

Syb van der Ploeg stie ferskate kearen mei Liesbeth List op it poadium, ek mei de Kast yn de jierren njoggentich. "In hichtepunt wie dochs wol it Radio 2 Gala, as earbetoan oan de karriêre fan Ramses Shaffy. Mei Liesbeth song ik doe 'De Pastorale', mei De Kast efter my en Ramses Shaffy twa meter foar my. Dat wie in hiel spannend ferhaal, om dat grutte nûmer fan harren beiden dêr te sjongen. Liesbeth List naam my echt by de hân en wy makken der in hiele moaie útfiering fan."

Divakrêft en Grande Lady

It wie altyd bysûnder om mei har op it poadium te stean, fertelt Syb. "Sy hie in bepaalde Divakrêft oer har hinne, en ast dan in duet mei har diest, dan sietst der fuort mei syn beiden hielendal yn. Se helle echt it bêste yn my nei boppen as sjonger."

Syb sjocht List as in grut sjongeres. "Se wie fansels The Grand Lady fan de Nederlânsktalige muzyk, wy seagen enoarm tsjin har op, mar it wie fantastysk om mei har te wurkjen. Se joech ús sa'n goed gefoel." Neffens Syb hat se ek in soad betsjutten foar sjongeressen lykas Trijntje Oosterhuis, mar ek Elske DeWall. "Frank Boeijen, en ek oare grutte produsinten woenen graach mei har gearwurkje. Se wie technysk sjoen net iens sa'n hiele goede sjongeres, mar se song har liet mei passy."

Demintsy

List hie in foarm fan demintsy, as gefolch fan harsenletsel út it ferline. "Ik haw de lêste tiid in soad oan har tocht, benammen om't myn eigen heit trije wiken ferstoarn is oan demintsy."

Syb van der Ploeg fertelt oer Liesbeth List

(advertinsje)
(advertinsje)