Boargerynfiltrant ynset by ûndersyk nei ynternasjonaal drugsnetwurk

27 mrt 2020 - 14:34

Justysje hat by it ûndersyk nei ynternasjonale drugshannel yn it noarden in kriminele boargerynfiltrant ynset as bysûnder opspoaringsmiddel. Yn it ramt fan dat ûndersyk waarden begjin maart santjin ynfallen dien yn ûnder oare Ljouwert, Harns, Noardburgum en Westergeast. De ynfiltrant hat de resjerzje in bysûndere blik jûn yn it kriminele miljeu dêr't er ynsiet. Sûnder de meiwurking fan dy ynfiltrant hie de resjerzje nea sa fier kaam mei it ûndersyk, seit justysje.

Foto: De Vries Media

De plysje pakte by in tal ynfallen begjin maart in groep fertochten op. Se waarden oanhâlden yn Frjentsjer, Noardburgum, Ljouwert, Surch en Finlân. Acht fan har sitte noch fêst. Se wurde fertocht fan ynternasjonale hannel yn harddrugs, wytwaskjen, wapenbesit en dielname oan in kriminele organisaasje.

De drugslinen dy't yn byld kamen, giene fan Fryslân út nei Finlân, Australië en Ierlân en Ingelân. Op moandei 2 maart is in transport fan 86 pakketten speed ûnderskept yn Grinslân op de sneldyk A7, krekt foar de Dútske grins. Dizze partij hat in skatte strjitwearde fan 700.000 euro.

By de aksjedei op 2 maart waarden sa'n 170 plysjemeiwurkers en Definsje-personiel ynsetten. Ek is by it ûndersyk sicht krigen op tariedingen fan in transport fan 300 kilo kokaïne fan Súd-Amearika nei Australië.

Tusken 4 septimber 2018 en 1 april 2019 binne by fiif 'pseudokeapen' ferdôvjende middels kocht by de fertochten. Dizze drugs, meastal amfetamine en in lytse hoemannichte drugs, wie bestimd foar Ingelân en Ierlân, mar is troch de resjerzje yn beslach naam.

OMG-leden

Guon fertochten binne lid fan saneamde Outlaw Motorcycle Gangs (OMG's). It giet om in lid fan de Hells Angels Harns, in lid fan de Hells Angels Ljouwert en in lid fan Hells Angels Finlân. It Iepenbier Ministearje slút mear oanhâldings net út yn de rin fan it fierdere ûndersyk.

Yn dit ûndersyk trochsocht de resjerzje op 2 en 11 maart gebouwen yn Frjentsjer, Harns, Ljouwert, Noardburgum, Rie, Stiens, Sumar, Warfstermûne, Warten, Westergeast en Surch.

Beslach op wapens, jild, auto's en wente

Dêrby is beslach lein op fjouwer fjoerwapens mei byhearrende munysje, boksbûgels en pepperspray. In oantal wapens waard fûn yn in plestik tonne yn 'e grûn.

Ek binne by de trochsikings 16 blokken hasj fûn en goed 300 himpplanten, lytse hoemannichheden speed en gebrûkershoemannichheden kokaïne, ghb en xtc en fersnijïngsmiddels dy't brûkt wurde by de drugsproduksje. Op ien fan de adressen binne de restanten oantroffen fan in ûndergrûnske himpkwekerij.

Dêrneist is beslach lein op in wente mei in woz-wearde fan sa'n 350.000 euro, inkelde djoere horloazjes en trije auto's, wêrûnder in BMW mei in wearde fan 100.000 euro. Op ferskate plakken is foar hast 100.000 euro oan kontant jild oantroffen, meast yn euro's, mar ek yn Noarske en Deenske kroanen.

Wat is in boargerynfiltrant?

In kriminele boargerynfiltrant is meastal sels aktyf of hat dat west binnen groepearringen dêr't ûndersyk nei dien wurdt of stiet tichtby de kriminelen. Dat makket him ek fan wearde foar in resjerzjeûndersyk. Syn feiligens hat neffens it Iepenbier Ministearje altyd foarop stien.

(advertinsje)
(advertinsje)