Fries Museum komt mei aksjeplan om toerisme wer op gong te bringen
It Fries Museum komt mei in plan fan oanpak om nei de coronakrisis sa fluch mooglik wer grutte groepen minsken nei Fryslân te heljen. Yn it aksjeplan 'Grutsk' stiet ûnder oare dat it museum besykje wol ek takommend jier wer in oantal grutte publykslûkers, lykas de útstalling oer Alma Tadema, nei it museum te heljen. Mar dêrfoar is wol help fan de provinsje nedich, want it jild om dat te dwaan is eins op.
Neffens direkteur Kris Callens kin it Fries Museum in grutte rol spylje yn it opnij ta libben bringen fan de Fryske kultuersektor nei de krisis en kin it toeristen nei Fryslân helje, dy't ek oare bedriuwen der wer boppe-op helpe sille. Der is jild foar nedich om dat te dwaan en dêrfoar hopet er op stipe fan de provinsje. Hy giet dêrom mei harren yn petear om te sjen wat der mooglik is.
Hoefolle jild oft der nedich is, wol Callens net sizze. "Ik vind dit niet de tijd om over geld te praten, maar het is wel zo dat we op eigen kracht niet meer zoiets op kunnen zetten zoals Alma Tadema of De Vikingen." It museum hat dêrom ek twa plannen. "Eén waarbij we geen extra middelen krijgen en één waarbij dat wel gebeurt."
"In het eerste geval kunnen we nog steeds één middelgrote tentoonstelling per jaar doen. Het is dan niet iets zoals de Vikingen, maar eerder een tentoonstelling zoals Breien." Neffens Callens hellet ek dat wol toeristen nei Fryslân, mar is de ambysje grutter.
"Wij draaien het altijd om en kijken naar waar we zelf voor naar Friesland zouden komen. En dat is een tentoonstelling die anders dan anders is. Dat was bijvoorbeeld de tentoonstelling van Alma Tadema, maar vooral ook die over het werk van Escher."
Callens makket him grutte soargen oer de toeristyske sektor yn Fryslân. Neffens him driigje der in soad banen ferlern te gean as it allegear te lang duorret. "Fryslân heeft een uniek aanbod aan cultuur, watersport en natuur. We hebben hier echt wat te bieden en we willen graag de kansen pakken die er ongetwijfeld komen na coronacrisis."