KNKB stelt start keatsseizoen foarearst út oant 20 juny

Keatsbûn KNKB hat it keatsseizoen foarearst útsteld oant 20 juny. Earder makken se al bekend dat alle wedstriden oant mei 1 maaie skrast wurde soenen. Dat betsjut dat de start fan it keatsseizoen (ûnder foarbehâld) holden wurdt yn Balk, dochs in úthoeke yn de Fryske keatswrâld.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Ferslachjouwer Geart van Tuinen fertelt dat der yn de perioade fan 1 maaie oant en mei 19 juny 2020 acht wedstriden keatst wurde soenen. "Alle ynplande wedstriden komme dus te ferfallen. It giet dan om acht partijen. Op 1 juny de bûnspartij, organisearre troch de KNKB sels, fiif frije formaasje en twa troch-inoar-lotsjen."

Unike situaasje yn Balk

De earste wedstriid dy't der op 20 juny dit jier pland stiet, wurdt (noch ûnder foarbehâld fan de ûntwikkelingen fan it coronafirus) dêrmei hâlden yn Balk. "En dat is hiel bysûnder, want Balk leit dochs wol in bytsje yn 'e perifery fan de keatswrâld, kinne je wol stelle", fertelt Van Tuinen. "It is in unike situaasje. Want de Balkster keatsferiening Cannegieter bestiet dit jier net allinnich 60 jier, se hawwe ek nochris in haadklasse 'troch-inoar-lotsjen' tawiisd krigen."
Van Tuinen prate mei foarsitter René Anema fan de keatsferiening yn Balk. "Ja en dy is folslein yn twivel. Hy seit: fansels wolle wy dat jubileum fiere, mei foar de earste kear in haadklasse, mar hoe komt it mei de sponsoring?"
Ferslachjouwer Geert van Tuinen oer it keatsseizoen