Boargemaster Sluiter hopet alternatyf te finen foar Fiskerijdagen

De gemeente Harns leit him net del by it beslút fan Stichting Visserijdagen Harlingen om de fiskerijdagen net trochgean te litten. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Harns is bot fernuvere en hat noch hieltyd neat heard fan de stichting.
Boargemaster Sluiter hopet alternatyf te finen foar Fiskerijdagen
"Het nieuws overviel mij totaal, maar het is zoals het is. Wij zijn geen evenementenorganisator en Stichting Visserijdagen maakt zijn eigen afwegingen", seit boargemaster Roel Sluiter. Neffens de stichting is it net passend om yn dizze finansjeel drege tiden by sponsoaren oan te klopjen en kinne se fanwege alle beheiningen yn it ramt fan de coronakrisis net goed gearkomme om alles goed ta te rieden.
Sluiter: "Ze hebben er ongetwijfeld goede redenen voor. Niettemin denk ik: we zijn nu maart en de Visserijdagen zijn eind augustus. Dat ligt nog een hele tijd voor ons. Laten we nou hopen dat dit hele coronagedoe dan achter de rug is en dat er dan ruimte is om normale feestelijkheden in de stad te houden."

'Oriënterend gesprek'

De boargemaster giet derfan út dat de Fiskerijdagen net yn syn gewoane foarm plakfine sille, mar wol wol sjen oft der in alternatyf fûn wurde kin. "Bij de feestweek in juni kunnen we er ook van uitgaan dat dat niet doorgaat. Ik wil een oriënterend gesprek om te zien of het mogelijk is toch iets feestelijks te organiseren."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Al is it mar om de Harnzer hoareka yn 'e mjitte te kommen. "Er wordt nu geen cent verdiend in de horeca. Ik denk dat het ook in hun belang is dat er iets wordt georganiseerd waarmee dat goedgemaakt kan worden."

Stichting Evenementen Harlingen

De organisaasje fan de Fiskerijdagen hat noch gjin reaksje jûn. Bram Visser fan Stichting Evenementen Harlingen neamt it 'skandalich' dat Stichting Visserijdagen it beslut sa iensidich naam hat. Evenementen Harlingen is bliid mei it diedkrêftige antwurd fan de gemeente en wol it jûnsprogramma sa goed as mooglik trochgean litte, want alles is al fêstlein. De stichting seit troch te gean salang't de omstannichheden dat talitte.
Boargemaster Roel Sluiter oer de Fiskerijdagen