Blommen en post 24 oeren yn karantêne by fersoargingstehuzen

27 mrt 2020 - 12:51

Personiel fan fersoargingstehuzen moat strang wêze om foar te kommen dat har bewenners siik wurde fan it coronafirus. Dat dogge se troch minsken op har gedrach oan te sprekken at se de opleine regels fan it RIVM oertrede, mar ek troch blommen en post earst in dei yn opslach te bewarjen, sa fertelt Lotte Stienstra fan Zorggroep Noorderbreedte.

Ferpleechhuzen hawwe it dreech mei de RIVM maatregels. Sûnt ferline wike sitte de huzen mei kwetsbere âlderein folslein op slot. Net elkenien kin dêr goed mei omgean, famylje wol sa graach kontakt hawwe mei heit, mem of oare minsken, dat it foar it personiel dreech is om te hanthavenjen.

"Het gaat hier naar omstandigheden goed. Het is natuurlijk een moeilijke tijd voor iedereen. Voor onze bewoners, hun naasten, maar ook voor zorgmedewerkers", fertelt Stienstra. "Mensen zwaaien voor het raam en het is mooi dat mensen op die wijze toch, op een beschermde manier, contact met elkaar kunnen hebben."

Minsken meie inoar neffens de rjochtlinen fan it RIVM net oanreitsje. "Elkaar aanraken kan niet. Wij hebben geen andere keus. De ene heeft daar zeker begrip voor en houdt zich aan de richtlijnen, maar de ander heeft er meer moeite mee. Dat leggen wij uit, ter bescherming van iedereen."

Lotte Stienstra fan Zorggroep Noorderbreedte

Blommen en post yn karantêne

Stienstra sjocht foaral dat der in soad moaie dingen barre. "Mensen gaan meer beeldbellen en dat is ook een mooie manier om contact te houden." Fansels wol famylje ek graach op in oare wize syn belutsenens toane troch in blomke te stjoeren, in kaartsje of boadskippen. Neidiel is lykwols dat it coronafirus dêr mooglik op sitte kin. "Sinds donderdag zorgt Zorggroep Noorderbreedte ervoor dat al die goederen 24 uur in opslag gaan. Pas daarna worden ze afgeleverd."

It ferget in soad fan de soarch. Fraach is dan ek hoelang't dit noch fol te hâlden is foar it personiel. "Zolang als het moet", seit Stienstra. "We hopen natuurlijk dat de maatregelen weer verlicht zullen worden, maar tot die tijd moeten wij deze tijd zoveel mogelijk comfortabel maken."

(advertinsje)
(advertinsje)