GGD Fryslân: njoggen nije coronabesmettingen yn Fryslân

Der binne njoggen nije gefallen fan besmetting mei it coronafirus fêststeld yn Fryslân. Dat hat GGD Fryslân niiskrekt bekend makke. Yn totaal binne der no 79 Fryske ynwenners posityf test op it firus. Twa coronapasjinten binne yntusken ferstoarn.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
"We zien een langzaam oplopende lijn. Dat zien we in positieve testen, maar ook in de ziekenhuisopnames", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. "We hopen dat de verspreiding zodanig vertraagd is dat het zorgsysteem alles aankan."
Yn Fryslân is der in folle flakkere line te sjen as yn Brabân wat it oantal besmettingen oanbelanget. De pyk soe yn Fryslân ein maaie ferwachte wurde. De Graaf: "We doen ons best om het te vertragen tot we het mooie weer ingaan. Dit virus lijkt niet te houden van warmere temperaturen en luchtvochtigheid." De ynstânsjes besykje it sa lang mooglik te rekken om't we noch gjin ymmuniteit opboud ha en it faksin der op syn betiidst oer in jier is.

IC-bêden

It oantal bêden op de Intensive Cares is noch hieltyd in punt fan soarch. Dat wurdt sawol lanlik as regionaal yn 'e gaten hâlden. "We zijn solidair in Nederland. Vooral vanuit Brabant worden patiënten verspreid over hele land. Daarbij wordt altijd afgewogen: blijft er voldoende capaciteit voor regio?"
Hoelang't dat lykwols dien wurde kin, wurdt mei de dei besjoen. "Er worden voortdurend inschattingen gemaakt. Daar hoeven mensen zich nu geen zorgen over te maken."

Harkje nei it RIVM

Der is in soad tsjinstridich nijs oer de ûntwikkelings rûnom it coronafirus. "Het is lastig om in wirwar van meningen te weten wat je moet geloven. Het blijft een virus en dat heb je niet aan een touwtje." De Graaf riedt dêrom oan dyn boarnen en ynfo te beheinen en nei it RIVM te harkjen. "Dan heb je de hoofdbron van info te pakken. Mensen doen er verstandig aan daar gerust op te zijn."
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân