Kollumer ûnkrûdbestrider himmelet no winkelkarkes

Gewoanwei ferwideret it Kollumer ûnkrûdbestridingsbedriuw Weedfreeservice túch, benammen yn opdracht fan gemeenten. Mei hyt wetter soargje se der foar dat beareklau en oare eksoaten bestriden wurde. Troch de coronakrisis set it bedriuw syn personiel no lykwols yn om winkelkarkes fan supermerken te desynfektearjen. Sân dagen yn 'e wike.
Kollumer ûnkrûdbestrider himmelet no winkelkarkes
Moarns ier en betiid binne de meiwurkers fan Weedfreeservice al op 'en paad. Freedtemoarn om sân oere hinne krije alle winkelkarkes by de Jumbo yn Dokkum in himmelbeurt. "Earst sette wy alle karkes yn 'e weak troch se goed wiet te meitsjen, dêrnei spuitsje wy se ôf mei hyt wetter fan likernôch 70 graden", fertelt direkteur Harry Kloosterman fan Weedfreeservice.
It ûnkrûdbestridingsbedriuw wurket mei deselde technyk as normaal: mei in grutte tank hyt wetter wurde winkelkarkes, mar ek bygelyks de hânfetten fan spuiten by tankstasjons skjinmakke.
Ferslachjouwer Timo Jepkema praat mei Harry Kloosterman fan Weedfreeservice

Earst fergees, no foar kostpriis

Om supermerken, mar ek oare bedriuwen as tankstasjons, te oertsjûgjen fan dizze wize fan himmeljen, bea it Kollumer bedriuw harren service earst fergees oan. "Wy moatte fansels dit probleem mei ús allen oanpakke, dêrom hawwe wy ús tsjinsten earst trije dagen fergees oanbean." Der blykt lykwols in soad ynteresse te wêzen by ûndernimmers. "Dêrom wurkje wy no foar kostpriis, wy hoege der fierder gjin winst op te meitsjen. De ûndernimmers binne dolentûsjast, want sy binne fansels ek moreel ferplichte om harren klanten in skjinne omjouwing oan te bieden."

Ien fan dy tefreden minsken is manager Peter Feenstra fan de Jumbo yn Dokkum. "Wy binne hiel wiis mei dizze skjinmakservice. Want wy wolle graach dat it 'spik en span' is foar de klant. Sa kinne wy ek in stikje fertrouwe winne, dat wy der alles oan dogge om der foar te soargjen dat de hygiëne hjir op en top is foar't de klant de winkel binnenstapt." Troch de dei hinne makket it personiel fan de supermerk de karkes sels skjin mei desynfeksjemiddel.
Ferslachjouwer Timo Jepkema praat mei supermerkmanager Peter Feenstra