Húsdokters Eaststellingwerf iepenje spesjale 'hoastpoly'

Alle húsdokterspraktiken yn de gemeente Eaststellingwerf hawwe de krêften bondele en in mienskiplike 'hoastpoly' yn it libben roppen. Yn it gebou fan wensoarchsintrum Rikkingahof yn Easterwâlde kinne minsken mei klachten as hoastjen, koarts en ferheging apart sjoen wurde.
Húsdokters Eaststellingwerf iepenje spesjale hoastpoly
Gewoanwei holden alle húsdokters sels oan de ein fan de dei in sprekoere foar mooglike coronapasjinten. Om effektiver om te gean mei tiid en middels, is der is no lykwols ien sintraal punt foar alle tsien praktiken yn de gemeente.
De hoastpoly is allinnich op ôfspraak te besykjen. Minsken dy't tinke dat se it firus hawwe, kinne telefoanysk kontakt opnimme mei de assistinte fan de eigen húsdokter. Dy beoardielet oft de pasjint nei de hoastpoly komme moat.

Yn de auto wachtsje

Der is gjin wachtromte. Elkenien moat bûten yn syn eigen auto wachtsje. "Ze worden dan door de assistente of de dokter gebeld, van 'nu mag je binnenkomen'", fertelt húsdokter Jacob Bruins fan Appelskea. Pasjinten wurde troch de húsdokter opwachte yn beskermjende klean, mei feiligensbril en in mûlekapke.

Coronaweach

Alle oare húsdokterspraktiken yn Eaststellingwerf binne allinnich noch iepen foar driuwende saken. Yntusken riede de Fryske húsdokters har ta op de coronaweach dy't deroan komt. Bruins: "We hebben de tijd om ons schrap te zetten. Maar hoeveel belasting het gaat geven voor de praktijken is nog niet duidelijk."
Húsdokter Jacob Bruins út Appelskea