'Telefoansirkel' moat iensumens ûnder âlderein tsjingean

27 mrt 2020 - 09:39

It sosjale libben leit op dit stuit stil en dat bliuwt de kommende tiid ek sa. In soad minsken misse dêrtroch deistige kontakten. Se prate of sjogge hast gjinien en fiele har dêrtroch iensum of sels eangstich. Zorgbelang Fryslân hat dêrom saneamde 'telefoansirkels' opsetten.

Foto: Pexels.com

Iensumens ûnder âlderein is sawiesa al in probleem, neffens Nynke Wilbrink fan Zorgbelang Fryslân. "En nu met alle coronamaatregelen zitten veel meer mensen thuis en is het moeilijker om contacten te onderhouden."

By sa'n telefoansirkel wurde groepkes fan seis of sân minken foarme. De earste persoan bellet de twadde, de twadde de tredde, ensfh. Dat giet troch oant de lêste persoan de earste wer bellet.

Eachje yn it seil hâlde

Mei de telefoansirkel kinne de dielnimmers ek in eachje yn it seil hâlde en sjen hoe't it mei elkoar giet. Wilbrink: "Mensen kunnen een contactpersoon doorgeven. Op het moment dat iemand meerdere keren niet te bereiken is, kunnen we die contactpersoon inschakelen die kan gaan kijken bij die persoon."

Minsken dy't meidwaan wolle of in oar opjaan wolle foar in telefoansirkel, kinne harren oanmelde fia 085-4832433, info@zorgbelang-fryslan.nl of fia de webside www.zorgbelang-fryslan.nl.

Meldpunt

Dêrnjonken begjint Zorgbelang Fryslân takom wike ek mei in meldpunt foar minsken dy't knyppunten ûnderfine yn de soarch troch alle coronamaatregels.

Accountmanager Nynke Wilbrink fan Zorgbelang Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)