Trijetûzen frijwilligers wolle har stientsje bydrage yn de soarch

27 mrt 2020 - 08:45

Sa'n 3.000 minsken mei in ferline yn de soarch ha har yn de trije noardlike provinsjes oanmeld om te helpen yn de coronakrisis. Dat meldt ZorgpleinNoord, de fakatueresite foar soarch- en wolwêzen yn Noard-Nederlân.

In sikehûsbêd - Foto: Shutterstock.com

"We zijn er enorm blij mee", seit Matthijs van Walsum fan ZorgpleinNoord. De measte frijwilligers binne geskikt om oan de slach te gean. It giet dan bygelyks om soarchpersoniel dat al mei pensjoen wie of minsken dy't in baan yn in oare sektor krige hiene, mar dochs wer yn de soarch oan de slach woene.

Heech nivo

"We zien dat het niveau erg hoog is. We zijn vooral op zoek naar mensen met ervaring in de zorg, onder andere op verpleegkundige-niveau." Sels minsken sûnder ûnderfining kinne har oanmelde. Dy kinne oan de slach by it Rode Kruis.

Der binne sa'n 275 soarchynstellings oansletten by ZorgpleinNoord. Dy sjocht no earst wêr't dy krekt ferlet fan hawwe. De measte ynstellings sizze sa'n 10 ekstra soarchfrijwilligers nedich te hawwen.

Oeral help nedich

De help is net allinnich nedich op Intensive Cares. Ek yn ferpleechhuzen kinne se ekstra hannen brûke. "We verwachten ook we over de hele zorgsector te maken gaan krijgen met zorgmedewerkers die zelf geïnfecteerd raken."

ZorgpleinNoord kin noch altyd mear frijwilligers brûke. Minsken dy't graach in stientsje bydrage wolle, kinne har dêrfoar melde op https://www.extrahandenvoordezorg.nl.

Matthijs van Walsum fan ZorgpleinNoord

(advertinsje)
(advertinsje)