Kollum: "Thús"

27 mrt 2020 - 08:36

"It is krekt as hat immen de 'pauzeknop' yndrukt fan it deistige libben en sa't wy dêr trochhinne jakkeren. Ast leaust yn in God of Goadinne, dan soest hast wol tinke kinne dat sy tegearre dy knop yndrukt ha om alles te resetten. Sa fielt it teminsten al en earlik sein, mei ik wol oer de rêst.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Yn ús lân ha wy noch net in echte lockdown, mar sa al, dan hie der foar my net iens in hiel soad feroare. Ik bin graach op 'e pôle en sykje de drokte net gau op. Skriuwe die ik altyd al thús en online kinst in soad kontakten ûnderhâlde. Wat al feroare is, is dat ik net sa faak mear om boadskippen gean, mar ek dat jout my rêst.

Foar in hiele soad is thús wêze wol hiel oars sa't it meastal wie. Want ast de doar net útkinst mar der ek gjin besite komme mei, dan is it libben ynienen wol hiel beheind. Ien fan myn skoansusters wurket by de thússoarch en se is nei in rûte net wurch fan it wurk mar fan fertriet omdat guon kliïnten sa iensum binne.

Minsken dy't wurkje yn de jeugd- of gesinssoarch binne ek hiel besoarge want foar in protte bern út probleemgesinnen is thús no net in feilich plak om te wêzen. Seksueel misbrûk, mishanneling, âlden dy't ferslave binne of op 'e bank lizze omdat se net wurkje kinne; eskalaasjes lizze op 'e loer en dy earme bern kinne net in kant út.

Thús sitte omdat it bedriuw sluten is, is ek net bêst. Gjin ynkomsten mear mar wol de fêste lesten. Sadwaande sitte net allinnich de kappers, mar in hiel soad ûndernimmers mei de hannen yn it hier en nimmen wit hoelang't it noch duorret.

Dan binne der ek noch minsken dy't hast noait thús wiene omdat se it drok hiene mei wurkjen, sosjale kontakten, sport, ensafh. Aktive minsken dy't it nedich hawwe om yn beweging te wêzen. Hoe soe it foar harren wêze om net in kant út te kinnen? Ast allinnich mar thúskomst om te iten, sliepen en skiten mar fierder altyd ûnderweis bist en net in feestje oerslachst dan sil dit wol in útdaging wêze.

En hoe soe it yn al dy húshâldings gean no't de bern hiele dagen thús binne? Ik moat earlik sizze dat ik bliid bin dat ús bern allegear wurkje en net de hiele dei omhingje of elkoar de harsens yn slaan. En by de keukentafel lesjaan, liket my ek net ideaal ta. As bern graach leare meie, sil it miskien te dwaan wêze mar oars is it grif in ergernis.

Thús wêze sûnder ôflieding, kollega's of oare drokte fan bûtenôf kin der foar soargje datst dysels goed tsjinkomst en dat kin hiel konfrontearjend wêze. Op sokke mominten kinst dy ôffreegje hoe thús ast dy fielst by dysels. Elkenien hat no te krijen mei dizze reset, mar lokkich is it al moai waar. De sinne skynt, de fûgels fluitsje en minder ferkear soarget foar in fredige atmosfear.

Ik ha begrutsjen mei alle minsken dy't net nei bûten kinne of siik op bêd lizze, troch dit aaklike firus dat it libben yn 'e wrâld stil leit. En ik fyn it skealik hoe't der praat wurdt oer in oantal deaden. Yn 'e statistiken in pear sifers, yn 'e werklikheid famyljeleden dy't mist wurde sille.

Mar dat de 'pauzeknop' ris yndrukt is, fyn ik net ferkeard. It set wol oan ta reflektearjen oer hoe't wy mei innoar húshâlde ha op dizze ierdbol. Want hoe't jo it ek besjogge: de ierde is it wiere thús, foar ús allegear!"

(advertinsje)
(advertinsje)