Moadewinkel hat soargen oer hiele middenstân: "It komt op de kop ferkeard"

27 mrt 2020 - 07:02

By moadewinkel De Heeren van Rinsma op De Gordyk meitsje se har grutte soargen oer de takomst fan de middelgrutte en lytse bedriuwen. "De middenstân krijt hiel hurde tikken om de earen", seit Sake Rinsma. "Dat docht myn retailhert hiel sear."

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"It giet op de kop ferkeard", tinkt Rinsma. "We binne leafhawwers fan it fak. En as je dy lege winkelstrjitten dan sjogge, de middenstân hat it al net maklik hân de lêste jierren."

Dêrom moat der mear omtinken komme foar dy problematyk, fynt Rinsma. "Want it hat hiel grutte gefolgen." Rinsma syn kompanjon Wytze Peenstra leit út: "Wy steane op de reklamebuorden by de pleatslike sportklups, wy soargje derfoar dat de doarpen bestean bliuwe."

De Heeren van Rinsma - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

In part fan de oplossing leit dêrom hiel dúdlik foar de hân, neffens Rinsma: "We moatte net by de ynternasjonale webshops keapje, ek net by de nasjonale webshops. Mar by de lokale winkellju. De pleatslike bedriuwen binne it jild mear as wurdich."

Ta beslút docht Rinsma noch in oprop oan de kollega-bedriuwen: "As it aanst wer fertroud is om nei bûten te gean, dan moatte we derfoar soargje dat it net in grutte prize-oarloch wurdt. Want dan bliuwe de winstmarzjes nihyl en wurdt it dochs in hiel lestich ferhaal."

Ferslachjouwer Willem de Vries prate mei de manlju fan Rinsma

(advertinsje)
(advertinsje)