Coronanijs freed 27 maart: Ekstra romte foar coronapasjinten út de sikehuzen

27 mrt 2020 - 22:20

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der binne yn ús provinsje oant no ta 79 minsken posityf test op it firus, twa minsken binne stoarn;
  • De fersprieding fan it coronafirus giet yn Fryslân trager as yn oare parten fan Nederlân, seit de GGD;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch hjir op de oersjochkaart nei it totaal oantal positive tests yn Fryslân (boarne: RIVM/GGD).

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:01
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan freed 27 maart oer de coronakrisis. Wy sette noch ien kear de belangrykste punten út dit liveblog op in rychje:

  • Soarchorganisaasjes yn de ferpleging, fersoarging en thússoarch meitsje kapasiteit frij om coronapasjinten út de sikehuzen op te fangen;
  • Der leine by de mjitting fan freed 99 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen. Dêrfan lizze der 18 op de intensive care;
  • Der binne njoggen nije besmettingen yn Fryslân fêststeld, dêrmei komt it totale tal positive testen yn ús provinsje op 79. Twa minsken yn Fryslân binne stoarn oan it firus;
  • De fersprieding fan it coronafirus giet yn Fryslân trager as yn oare parten fan Nederlân, seit de GGD;
  • Elkenien moat dit wykein thús bliuwe, útsein foar boadskippen of om in frisse noas te heljen, seit premier Rutte.

Moarn is der wer in nij liveblog. Ek op radio en telefyzje kinne jo by ús telâne foar al it lêste nijs, te begjinnen om 8.00 oere mei No yn Fryslân mei Simone Scheffer.

22:32
Ekstra kapasiteit

Soarchorganisaasjes yn de ferpleging, fersoarging en thússoarch yn de trije noardlike provinsjes meitsje kapasiteit frij om coronapasjinten op te fangen. Dat dogge se yn gearwurking mei de sikehuzen en de thússoarch. De romte is foar pasjinten dy't út it sikehûs ûntslein wurde kinne, mar net nei hûs kinne. De ekstra kapasiteit is ek foar pasjinten dy't net mear thús fersoarge wurde kinne, mar ek net nei it sikehûs ta hoege. Yn de Fryske sikehûzen leine freed 99 coronapasjinten.

21:30
Annulearrings rinne binnen by feesttinteferhierders

Ek yn de feesttintebrânsj sjogge se it hiele wurk stil fallen. It jier 2020 kin wol it jiskefet yn, seit feesttinteferhierder Van Kammen fan Easternijtsjerk. Se ha dêr al sa'n 70 annulearrings binnen. "We moatte ús ynvestearrings yn de simmer fertsjinje. Dan krije je fet op de bonken foar de winter. No is der neat."

20:54
Nije datum iepenloftspul Schindler's List

De foarstellingen fan it iepenloftspul Schindler's List yn Burgum ha in nije datum krigen. Earst soene de foarstellingen yn maaie fan dit jier wêze, mar dat kin troch it coronafirus net trochgean. De organisaasje hat de foarstellingen no op de aginda set yn de perioade fan 28 april 2021 oant en mei 15 maaie 2021. De kaarten dy't ferkocht wiene, bliuwe jildich.

De repetysjes wienen al begûn, mar dy binne no ek stopset. Se geane ein dit jier of begjin takom jier opnij fan start.

20:22
Protokol foar boufakkers

Boufakkers moatte sa folle mooglik selsstannich nei it wurk komme en yn lytse groepen op fêste lokaasjes wurkje. Dat stiet yn it protokol foar feilichheid op de boupleats. Dat hat it kabinet fêststeld mei de bou- en technyksektor.

Foar it ferbouwen fan in hûs is it wichtich dat bewenners yn in oare romte binne. En de boufakkers en bewenners meie allegear net siik wêze. De regels moatte derfoar soargje dat it wurk yn de bou sa folle mooglik trochgean kin, mar wol op in feilige wize, seit it ministearje.

20:14
112 coronapasjinten derby op de intensive care

It tal coronapasjinten dat yn Nederlân op de intensive care leit, is 873. Dat binne 112 mear as juster, doe't it der noch 761 wiene. De Nederlandse Vereniging voor Intensive Care seit dat it tal beskikbere bêden op de ic's "gering" is. It tal beskikbere plakken is fan belang foar minsken mei it firus dy't der min oan ta binne. Sy lizze faak twa oant trije wiken oan de beäzeming.

Der binne yn Nederlân yn totaal 925 intensive care-bêden. Dat wurdt op it stuit útwreide, sadat der plak is foar 1.050 pasinten.

Yn Fryslân leine by de mjitting fan fan 'e moarn om 10.00 oere 18 coronapasjinten op de intensive care-ôfdielingen.

20:02
Ekstra surveillânse oan de seedyk

De plysje sil fan it wykein ekstra surveillearje yn de Peazens-Moddergat en Wierum. Oanlieding wie de drokte oan de seedyk fan ôfrûne wykein. De doarpsbelangen fan beide doarpen ha kontakt hân mei boargemaster en wethâlders om maatregels te nimmen, om sa deitoeristen fuort te hâlden.

Tsjerkje fan Wierum - Foto: Shutterstock.com
19:49
Winkellju ferbjustere

Winkellju binne ferbjustere oer de grutte groep bedriuwen dy't net yn oanmerking komme foar de needstipe fan it kabinet. Brânsjorganisaasje INretail begrypt net dat ûndernimmers mei moade-, skuon-, sport- en wenwinkels gjin temjittekomming fan 4.000 euro krije kinne by de saneamde TOGS-regeling.

"Als de TOGS-regeling niet voor winkels werkt, dan bespreken we nog liever vandaag dan morgen met de ministeries Economische Zaken en Financiën een aantal branchespecifieke oplossingen", seit INretail.

19:40
Supermerken ekstra iepen

Supermerken yn ferskate Fryske gemeente meie oant 1 juny langer iepen op sneins. Under oare yn Achtkarspelen en Noardeast-Fryslân ha se dêr tastimming foar krigen. Mei rommere iepeningstiden kin it winkelpublyk better ferspraat wurde en wurdt de fersprieding fan it coronafirus ek beheind.

Yn Achtkarspelen meie supermerken foarearst op snein iepen tusken 9.00 en 18.00 oere (dat wie earst 13.00-18.00) en yn Noardeast-Fryslân tusken 8.00 en 20.00 oere (dat wie earst 12.00-20.00).

19:34
'Ha respekt foar OV-personiel en frachtweinsjauffeurs'

Doch gewoan tsjin personiel yn it iepenbier ferfier en ha ek mear respekt foar frachtweinsjauffeurs, is de oprop fan Jacco Vonhof (foarsitter MKB-Nederland) en Hans de Boer (foarsitter VNO-NCW).

Sy kinne der net by dat minsken mei opsetsin nei OV-personiel hoastje of dat sjauffeurs tsjinholden wurde by it laden en lossen. Sjauffeurs rinne tsjin allegear problemen op. Somtiden kinne se de hannen net waskje en ek gjin húske brûke, omdat minsken benaud binne foar fersprieding fan it firus. "Zorg juist een beetje extra voor deze belangrijke beroepsgroepen die ons land mede draaiend houden", sizze de beide foarsitters.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)